Skriuwlab

Skriuwlab, it begjin

  • It is der: Sis my wa’t ik bin

    8 juni 2020

    It is der: Sis my wa’t ik bin

     

    Loek Rienstra wennet yn in doarp flakby Snits. Pas 11 jier nei de oarloch, hy is dan 13, komt er derachter dat er Joadsk is en dat syn heit en mem him adoptearre ha. Wa ís hy eins? Syn ‘heit en mem’ litte hast neat los. Gelokkich hat mem in deiboekje byholden.

    Basearre op it boek ‘Wie ben ik?’ fan Koos Boorsma, oer it libben fan Louis Godschalk dy’t no yn Israël wennet.

    Foar bern fan dizze tiid en harren âlden, pakes, beppes, masters, juffers en wa’t it mar lêze wol.

    Wa’t it boek ha wol, kin my in berjochtsje stjoere fia it kontaktformulier. De kosten binne € 7,90 + ferstjoerkosten. Fierder is it te krijen bij de Afûk en de Bruna yn Frjentsjer.

     

    Oer de presintaasje

    Woansdei 3 juny wie it safier. Moarns krigen de bern yn Skearnegoutum ‘Sis my wa’t ik bin’ fan KfdK Arno Brok. Louis Godschalk, it jonkje foarop it boek, krige om’t er yn Israël wennet, fia Skype, ek in eksimplaar. Tusken Fryslân en Nederlân kin hiel wat barre: de Kommissaris jûch it boek yn de lingte en Louis krige it yn de breedte! Louis hold noch in moai taspraakje foar de bern: oer, út de bibel wei, de rol fan de pleechmem dy’t de eigen mem ferfangt. Nei ôfrin brochten de bern, en Louis gie fia myn whatsapp mei, blommen op it hôf by syn mem.

    No is it boek de provinsje yn; alle bern fan groep 7 en 8 yn Fryslân krije in eksimplaar. Skoallen dy’t te min ha, kinne har melde by Stichting Mearslach.

    Fansels bin ik graach ree om der op skoallen mear oer te fertellen. Sjoch hjirfoar op De Schrijverscentrale.

     

     

    Hanneke de Jong
  • 4 maaie – wy betinke

    4 mei 2020

    4 maaie – wy betinke

     

    Hjoed hinget de flagge healstok, de hiele dei, om de deaden te betinken. Om’t 75 jier lyn de besetting foarby wie. Foar my is it oer alle boegen in oar betinkingsjier as foarige jierren.

    Nei it skriuwen fan ‘Sis my wa’t ik bin’ en it lêzen oer oare jonge ûnderdûkbern is foar my de oarloch wer konkreter wurden. Dêrom tink ik oan it jonkje dat by ûnrie ferstoppe waard yn in gat ûnder de grûn. Allinnich. Soms oeren. As er dan wer boppe komme mocht en hy in wiete broek fan de spanning hie, wie der gjinien dy’t him oer it kopke aaide en sei: ‘Kom mar, ik waskje dy en dan doch ik gau skjinne drûge klean oan.’ Nee, hy waard útfûtere en moast him mar rêde. Gruttere bern narren him dermei. It jonkje waard in man, hy libbet noch, mar koe it nea ferjitte. Ik tink oan him.

    Ik tink oan de pjut út myn boek, dy’t gelok hie. Hy kaam by in leafdefolle ‘mem’ terjochte, al makke se fouten, fansels. Der besteane gjin hânboeken foar it omgean mei ûnderdûkers, lit stean mei sokke lytse bern. Al die syn nije mem noch sa har bêst, yn syn tinken is er altyd in ûnderdûkbern bleaun. Ik tink oan him.

    Ik tink oan safolle oaren, dy’t as bern ûnderdûkt sieten; se hawwe it harren hiele libben meidrûgen. Sels as harren âlden ûnderdûkt wiene, koene de bern dêr lêst fan hawwe. Ik tink oan de minsken dy’t ûnderdûkers ‘te gast’ hiene, mei gefaar foar eigen libben en dat fan harren neisten. Se diene it om in protte redenen, fan jild oant leauwe, mar se diene it.

    Ik tink oan ús heit, dy’t yn it ferset siet, alles opskreaun en bewarre hat, mar der ús, bern en bernsbern, neat oer fertelde. Ik tink oan ús mem, dy’t it grutste part fan de oarloch yn Amsterdam wenne en pas yn 1944 nei Fryslân kaam te wenjen en te wurkjen. Se wie bang en dat is se har hiele libben bleaun. Mar se wie earlik genôch om tsjin ús heit te sizzen, (se krigen ferkearing) doe’t dy frege oft se krantsjes delbringe woe, dat se dat net doarde. Dat is ek frijheid, want net elk is in held of dapper of oare grutte wurden.

    Ik tink oan de minsken yn Nederlân dy’t de lêste wiken in part fan harren frijheid ynleverje moasten. Net om in fijân, mar om in firus. It giet in protte minsken net al te bêst ôf om’t wy sa wend binne oan frijheid. It ynleverjen dêrfan, al is it mar foar wiken of moannen falt meastentiids net ta. Troch inoar ferhalen te fertellen oer de oarloch, troch der boeken oer te lêzen, kinne wy ûnthâlde wat it ynhâldt en wat it ôfnimmen fan frijheid betsjut. Net allinnich doe, yn ús lân, mar oeral dêr’t it no noch oarloch is, dêr’t minsken net sizze meie wat se tinke en fine.

    Lit ús dêrom hjoed tinke oan al dy minsken dy’t derfoar soarge ha dat wy betinke kínne. Elk jier op ’e nij.

    Hanneke de Jong
  • 75 jier frijheid yn Fryslân

    15 april 2020

    75 jier frijheid yn Fryslân

     

    Afbeelding met tekening Automatisch gegenereerde beschrijving

    Hjoed, 15 april, wurdt stilstien bij de befrijing fan Fryslân, 75 jier lyn. Gjin feest, mar wol betinken. Fryslân waard net op ien dei befrijd; op 14 april kamen de Kanadezen bij Mildam út it suden wei de provinsje yn. Hegerop yn Fryslân is it letter; ús heit skriuwt oan ’e ein fan ien fan syn dokuminten: “Op 17 april zagen we de Duitsers voor het laatst. Ze vertrokken richting Stavoren en ’s middags waren daar al de Canadezen en kon de vlag worden uitgestoken.”

    Us heit liet trije skreaune/typte dokuminten nei oer de oarloch: ien tsjûgeferslach wat er seach en meimakke tusken 10 en 15 maaie 1940, doe’t er krekt beneamd wie as skoalmaster yn Roermond. Op 3 maaie kaam er dêr oan. Doe’t er mei de trein nei Roermond ried, fernaam er amper wat fan de kommende oarloch. Hy kaam te wenjen yn in kosthûs, gie in wike nei skoalle en doe wie it pinksterfakânsje. Hy soe nei hûs, al fertelde in oare kostgonger dat Dútslân in grut leger foar de Nederlânske grins stean hie.  Dan folget ûndersteand eachferslach.

    Yn it twadde dokumint, op hiel tin papier, leit ús heit fuort nei de oarloch ferantwurding ôf oer syn rol yn dy jierren. De sin: “Het motief was rechtsgevoel en de zucht naar vrijheid van geweten en spreken. Vooral ook het feit dat men ons de nazi-wereld-en-levensbeschouwing wilde opdringen deed mij ertoe besluiten illegale lectuur te verspreiden.” Hy skriuwt fierder oer wat er die, mar altyd út syn gedachte oer frijheid wei en einiget mei “Thans is mijn taak beëindigd en keer ik in het burgerleven terug.”

    It tredde dokumint hat er grif skreaun flak foar in réuny fan minsken dy’t yn ’e oarloch op it distribúsjekantoar yn Balk wurken. Hjir beskriuwt er konkreter wêr’t er him yn de oarlochsjierren mei dwaande holden wie. Dat stik einiget mei de boppesteande úttocht fan de Dútsers en de yntocht fan de Kanadezen.

    Us heit stiet rjochts

    Oer dizze jierren hat er ús net mear ferteld as dat er in skoftsje yn in kûle yn ’e de bosk oan de Alde Balksterwei ûnderdûkt siet as it efkes te gefaarlik wie om thús te wêzen by syn âlden. Pake en beppe wisten wol dat er by it ferset siet en stipen dat ek, mar sels aktyf meidwaan siet der net mear yn. As ús heit oer dy kûle fertelde wie it krekt in ferhaal út in spannend boek, mar dêr bleau it ek by. Fan it bestean fan dizze papieren hie ik gjin weet, dêr kaam ik pas achter nei it ferstjerren fan Marijke, myn âldere suster. De measte papieren, syn ferfalske id-kaart, bonkaarten en oare saken ha ik nei de Stichting Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân yn Balk brocht om’t it by de skiednis fan Gaasterlân heart.

    De sinnen oer wat frijheid foar ús heit betsjutte ha ik faak oerlêzen: ‘de zucht naar vrijheid en geweten’. Doe’t ik dwaande soe mei “Sis my wa’t ik bin” tocht ik deroer nei. Ik tink dat frijheid foar elkenien wat oars betsjut.

    Lilan, myn Syryske pleechdochter dy’t yn Brabân wennet, hat fernaam wat it wie om net frij te wêzen. Yn Syrië wiene se net sa wiis mei de kombinaasje Koerdysk en Jezidy. Froulju moasten, as se nei bûten ta giene, in holdoek drage. Sy hie in tattoo fan in fioelesleutel yn ’e halsm se woe basketballe of hiphoppe en har eigen keuzes meitsje. Har broers moasten yn it leger. Om te libjen yn frijheid moasten se flechtsje. No wurket se hurd foar skoalle, staazje en har wurk om har in plak te finen yn de Nederlânske maatskippij. Se genietet fan har frijheid, elke dei!

    Foar Louis Godschalk, dêr’t myn nije boek oer giet, is frijheid ek net fanselssprekkend. Hy seit: ‘Hoe lyts ik ek wie, ik sil altyd in ûnderdûkbern bliuwe.’

    Foar my begjint frijheid by dy fan ús heit, fan gewisse, tinken en uterjen, dat ik sels witte mei oft ik leau en wat dan, wat ik sis, lês en skriuw, saken dy’t ik belangryk fyn. Mar frijheid hat syn grinzen, want as dyn frijheid giet ten koste fan in oar, giest oer dy grinzen hinne. It giet krekt om frijheid mei respekt nei de oar ta, dy’t syn of har eigen keuze makket wat foar him/har frijheid betsjut.

    En dus fûn ik it belangryk om it boek te skriuwen dat hjoed feestlik presintearre wurde soe: ‘Sis my wa’t ik bin’. Want nije generaasjes moatte hieltyd wer witte dat frijheid kwetsber is en datst der wat foar dwaan moatst om it te hâlden. De frijheid om te leauwen, te sizzen en te skriuwen watst wolst, te gean en te stean dêr’st wolst en in oar dyn wil net op te lizzen. Hjoed en 5 maaie fiere wy dat, net mei feesten, mar troch de flagge út te stekken en te betinken wat frijheid ús bringt.

     

     

     

    Hanneke de Jong
  • Sis my wa’t ik bin

    19 maart 2020

    Sis my wa’t ik bin

     

    Hjoed giet it nije boek, Sis my wa’t ik bin, nei de drukker. De presintaasje sil, Corona Volente, op 15 april wêze yn Skearnegoutum. Hoe’t dat ek gean mei, alle 400 Fryske basisskoallen krije 40 eksimplaren tastjoerd foar de groepen 7 en 8. Dit yn it ramt fan 75 jier Frijheid. Neffens my is it ek hiel geskikt foar de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis.

     

     

    Hanneke de Jong
  • Nij nijs, nij boek!

    5 maart 2020

    Nij nijs, nij boek!

     

    It lêste dat ik ferline jier skreau, wie dat ik oan in opdracht wurke. Dy is no klear, it boek is nei de foarmjouwer en ik bin o sa benijd hoe’t it wurde sil. In manuskript mei allinnich wurden, myn eigen, is hiel wat oars as it boek dat úteinlik by de drukker weikomt. Benammen as der yllustraasjes, of yn dit gefal foto’s, yn steane. Wat docht de foarmjouwer mei watsto oanlevere hast? Spannend!

    Dit berneboek, fan 10 jier ôf, mar ek hiel geskikt om yn de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis te lêzen, ha ik skreaun yn opdracht fan de Stichting Mearslach. Dizze stichting makket trijetalich lesmateriaal foar it basisûnderwiis. Yn it ramt fan 75 jier frijheid bringt de stichting in lesboekje út oer de twadde wrâldoarloch. As oanfolling op it lesboekje ha ik dit lêsboek skreaun. Om’t yn Fryslân in protte omtinken is foar Joadske ûnderdûkbern, hat Mearslach foar my socht om sa’n bern. Se kamen út by it bysûndere ferhaal fan Louis Godschalk, dy’t as pjut nei Fryslân kaam yn de oarloch. Syn ferhaal is opskreaun troch Koos Boorsma yn it boek: “Wie ben ik?” Dat ferhaal ha ik omwurke ta in berneboek, in ferhaal, mei in tal feiten as kapstok, oanfolle mei myn fantasy.

    It wie folslein oars as wat ik earder skreaun ha, men neamt soks in útdaging, benammen om’t ik it binnen twa moanne klear ha moast. Ik begûn deroan doe’t wy oan ’e ein fan it jier in wike fuort wiene en healwei febrewaris wie it klear. It wie spannend om te dwaan en ik fyn it noch altyd spannend om’t safolle minsken meisjogge oer myn skouder. Ik hie kontakt mei Louis Godschalk sels, dy’t my kieze liet út foto’s dy’t by it ferhaal pasten. Wy mailden, hy wennet yn Israël, en ik fernaam dat hy wol fertrouwen hie yn de hiele ûndernimming.

    Heal april komt it út, der sil in presintaasje komme en, dat is it moaie en spannende, elke basisskoalle yn Fryslân kriget in oantal fan dy boeken sadat de learkrêften derút foarlêze kinne, en bern it sels lêze kinne. Mar dit is benammen in boek om oer te praten. Oer de keuzes dy’t makke binne, oer ferskillen en oerienkomsten tusken doe en no, oer hoe’t it fiele soe om sels sa’n bern te wêzen. Yn april en maaie hoopje ik dat basisskoallen kontakt mei my sykje sille, sadat ik deroer fertelle en út foarlêze kin. Fia de Schrijverscentrale, dy’t 75 jaar Vrijheid as thema hat, dan is it ek noch foardieliger, kinne skoallen en biblioteken my boeke. Ik hoopje dat der ek skoallen foar fuortset ûnderwiis by wêze sille om’t de titel en it boek presys by dy leeftiid passe. “Sis my wa’t ik bin”

    It boek wurdt útjûn by Bornmeer. Ynkoarten fertel ik der mear oer.

     

     

    Hanneke de Jong