Skriuwlab

Skriuwlab, it begjin

  • Lêspromoasje: boek in skriuwer!

    10 februari 2021

    Lêspromoasje:

    boek in skriuwer!

     

     

    No’t de skoallen wer los binne en ik begjin op te knappen nei 4 operaasjes (nije knibbels en heupen) kin ik op skoallen en biblioteken fertelle oer myn boeken. Bij De Schrijverscentrale kinst my boeke om op skoalle te kommen of digitaal, dat kin ek! Ik sil graach al myn skriuwersgeheimen diele, in workshop jaan, fertelle en foarlêze.

     

    Foar de groepen 3 en 4 kin ik fertelle oer De Bonsterkes op ‘e terp, Gers op it dak en Yn de rimboe.

     

     

     

    Foar groep 5 en 6, 7 en 8 is krekt yn 2020 it spannende It Ferbeane Boek útkaam. Tinkst dat lêzen saai is? Fedde, de haadpersoan fan It Ferbeane Boek, wit, en do ek as’t it boek út hast, dat dat net wier is. Lêze is spannend en grappich en moai! In echt lêsaventoer!

    Foar groep 7 en 8 ha ik ferline jier yn ferbân mei 75 jier frijheid Sis my wa’t ik bin skreaun. It giet oer in Joadske jonge dy’t pas op syn 13de heart dat syn âlden net syn biologyske âlden binne. Dan stiet syn libben op ‘e kop.

    Heksegrytta is in hiel oar boek mei fantasije dat giet oer pesten, freonskip en oars wêzen. Oer beide boeken falt in soad te fertellen en meist my it himd fan it gat freegje.

    Hanneke de Jong
  • Earste reaksjes op It Ferbeane Boek

    16 januari 2021

    Earste reaksjes op It Ferbeane Boek

     

    As der in nij boek yn ’e winkel leit, ha ik it leafst de oare deis reaksjes. Mar sa wurket dat fansels net, dêr moatst op wachtsje en dat duorret lang! Lit stean ast hopest op in stikje yn in krante of in blêd. Want resinsjes oer in berneboek, hielendal yn it Frysk, hoechst amper mear te ferwachtsjen. Sels yn it Nederlânsk is dat hurd achterút buorke en dat is spitich, want in besprek kin minsken, heiten, memmen, pakes en beppes nochris op in idee bringe. It Friesch Dagblad is de positive útsûndering, Toin Duijx mei alle sneonen in side folskriuwe oer berneboeken!

    Hoe moatte minsken yn koronatiid, as se net nei harren favorite boekhannel meie en dus de boeken net sjogge, hoe moatte se dan witte dat der in nij boek is? In skriuwer hat syn/har webside om te promoatsjen, en sil fia de sosjal media it boek ûnder de oandacht besykje te bringen. Der binne skriuwers dy’t hiel handich mei filmkes omgûchelje; safier bin ik noch net. Komt wol! Dus wie ik hiel bliid dat de earste har melde mei har besprekking op Goodreads: Hella Kuipers, skriuwcoach. Se skreau dit:

    Ik ben toch zo blij dat ik Fries kan lezen. Friese boeken geven me altijd zo’n thuisgevoel. Extra leuk in dit geval dat er een meisje in voorkomt dat ‘gewoon’ Nederlands spreekt. Precies zoals ik het altijd heb gedaan, bij de schoonfamilie en bij pake en beppe thuis. Want verstaan gaat even goed als lezen.
    Het Verboden Boek gaat over Fedde die het verpoft (ik houd er ook van om Friesismen te gebruiken) om te leren lezen. Best zorgelijk voor een jongen in groep 5, helemaal als zusje Jildou hem in groep 3 al voorbijstreeft. 
    Dan vindt hij in het geheimzinnige, rommelige huisje van buurman Jan een boek met grote sloten. Stel je voor dat je z’n boek lezen kon! Moet je wel eerst het sleuteltje vinden … Samen met vriendin Feyza gaat hij zoeken als buurman niet thuis is. En ja, hij vindt de sleutel. Hij draait met veel moeite het slot open – en dan gebeurt het. De hele wereld lijkt wel te schudden en het voelt of hij in een diep gat valt …
    Daar begint het grote avontuur van Fedde, dat over lezen én schrijven gaat. Het boek bevat meerdere sloten, en steeds moet hij een lees- of een schrijfopdracht vervullen om verder te kunnen. Hij krijgt gezelschap van hond Smycht en poes Skarlún. Steeds komt hij in een nieuwe wereld terecht, waar hij moet uitvinden wat er gebeurt. 
    De belevenissen zijn ontzettend spannend. Als volwassen lezer krijg je denk ik meer mee van waar het boek werkelijk over gaat: over hoe belangrijk lezen is, en hoe bijzonder het werk van de schrijver die je van alles kan laten beleven. Maar kinderen zullen in elk geval zien hoe léuk lezen is, en hoeveel je misloopt als je dat niet kan.
    Het boek is fantastisch geïllustreerd door Monique Beijer.

    Dêr wie ik bliid mei!

    Op sneon 16 jannewaris bespruts Martsje de Jong û.o. myn boek op Omrop Fryslân. Foar dejingen dy’t it net heard ha, is hjir de link fan it earste oere Op en Ut. https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/op-ut-fan-16-jannewaris-2021-0900  Mei it wiisfingerke fan it hantsje it lyntsje hielendal links boppe it lûdsprekkerke (yn ‘e hoeke) nei rjochts slepe. It besprek fan It Ferbeane Boek begjint op minút 47.58, dat is efkes foarby 3/4, nei it mankelike liet fan Gurbe Douwstra.

    Man en ik harken tegearre nei Martsje har ferhaal dat oer myn skriuwerij en It Ferbeane Boek gie. Ik wie der stil fan! Al dy tiid dat ik allinnich mei Fedde omtyske, soe it wol nei te kommen wêze foar lêzers dy’t miskien in wat kalmere holle ha as ik, twifele ik. Nei it besprek fan Hella en fan Martsje, doch ik dat net mear. Dit boek is krekt makke foar dizze tiid dêr’t wy sa min mooglik de doar út meie. Yn It Ferbeane Boek draait it net om de wurklikheid sa’t wy dy alle dagen meimeitsje, mar om de fantasije. Sa’t Martsje seit: ‘As Fedde de earste kaaie omdraaid hat, wurdt er meisûge it boek yn.’

    Ik soe sizze, belje de boekhannel of sykje kontakt fia ynternet en bestel it boek. Oare wike kinne ek jim yn dy nije wurklikheid bedarje. Lês it foar, oan de bern, de bernsbern, oan in oar of oan dysels. Silst dy grif fermeitsje en wa wit, wolst sels ek de penne wol ris op papier sette. Gewoan dwaan!

    Hanneke de Jong
  • Dag 2020, welkom 2021

    30 december 2020

    Dag 2020, welkom 2021

    We zitten op hetzelfde plekje als vorig jaar: in een stille boomgaard aan de Lek. Bij oude appelbomen, waar een enkele al ligt te wachten om dor hout te worden. In dat huisje maakte ik een begin aan ‘Sis my wa’t ik bin’, het Friese kinderboek dat naar alle basisschoolkinderen van de groepen 7 en 8 in Fryslân zou gaan. 16.000 exemplaren werden er gedrukt. De presentatie zou op de Friese bevrijdingsdag plaatsvinden, 15 april. Maar helaas…

    Ik hoop dat de kinderen het boek toch hebben gekregen en hebben gelezen, al was het vermoedelijk niet met meester of juf omdat ze  niet naar school gingen.

    In augustus kreeg ik mijn tweede knie, een hele, en wat was ik blij dat ik toen al geholpen kon worden. Anders had ik vermoedelijk nog zitten wachten. Dit laatste onderdeel viel niet mee, omdat de heupen en de andere knie moesten wennen aan hun nieuwe collega-gewricht. Desondanks kwam mijn volgende boek af, met dank aan Marja Schotanus die ervoor zorgde dat ik niet al te zeer uit de bocht vloog in dit fantasieboek over lezen en schrijven. Met de prachtige illustraties van Monique Beijer werd het een ‘pronkje’, o zo ‘keapsjoch’, al was het jammer dat de winkels gesloten waren toen ‘It Ferbeane Boek’ uitkwam. Weer pech…

    Toch hoop ik dat er in het nieuwe jaar nog aandacht voor komt. Wat ik ook hoop is dat scholen me zullen vragen om erover te vertellen en te werken. Er kan zoveel mee gedaan worden!

    Nu, in ‘Huisje Weltevree’, ligt het boek waar ik vorig jaar aan begon naast mijn laptop. Want de uitgever wilde ‘Sis my wa’t ik bin’ ook graag in het Nederlands uitgeven. Zelf had ik er een jeugdboek van willen maken, maar het was een opdracht voor groep 7 en 8. Nu vertaal en herschrijf ik het, zoals ik zelf wil. Gelukkig kan ik nu weer schrijven, al is het met kleine beetjes.

    Ik heb zin in het nieuwe jaar waarin ik nog verder moet herstellen en trainen zodat ik komende zomer kan wandelen en fietsen in Gaasterland. Om daar dan aan een nieuw boek te beginnen, in alle rust en hopelijk zonder coronagedoe. Want natuurlijk hoop ik op een prik of twee die het leven weer normaal maken. Eropuit kunnen gaan, kinderen, kleinkinderen en andere mensen die ik heb gemist vaker zien zonder afstand te moeten houden.

    2021 ligt voor me zoals de Lek hierboven tussen de bomen doorschemert. Morgen beginnen we eraan. Ik wens jullie gezondheid, creativiteit, fantasie en humor om er weer wat van te maken. Tsjoch!

    Hanneke de Jong
  • Korona: is It Ferbeane Boek ferbean?

    17 december 2020

    Korona: is It Ferbeane Boek ferbean?

     

    Dit jier hat foar my twa boeken opsmiten: ‘Sis my wa’t ik bin’ en ‘It Ferbeane Boek’. In geweldich jier, soe’st sizze. Mar nee, beide boeken kamen út yn de tiid dat it lân op slot wie. ‘Sis my wa’t ik bin’ hie presintearre wurde sild op 15 april, de Fryske befrijingsdei. En yn de wike dat ‘It Ferbeane Boek’ útkaam, gie de boel wer ticht. Om dy de triennen út de kop te janken, ek al om’t ik net sa’n rappe skriuwer bin.

    It is sa’t it is, wy binne mei in soad dy’t der krekt sa foar stean of minder. Mar… wolst noch in moai boek ha yn de krystfakânsje, de lockdown, de wintersliep of ast earne yn ‘e wacht sitst, dan kinst ien fan dy boeken fansels bestelle. Der binne boekhannels dy’t besoargje – op ‘e fyts of mei de post, stypje harren. Bestel tillefoanysk of fia de webside. Fia de útjouwer kin it ek. Lit dy (en de bern as dy der binne) ferrasse.

    Lês it jier út of begjin dermei. Want wat der ek ferbean is, It Ferbeane boek net!

    https://www.bornmeer.nl/winkel/it-ferbeane-boek/

     

    Hanneke de Jong
  • It is der: It Ferbeane Boek!

    11 december 2020

    It is der: It Ferbeane Boek!

     

    Foar in skriuwer is it altyd in momintsje; it doaske of de doaze, dat hinget fan de dikte fan it boek ôf, leit stiif ticht foar dy op ‘e tafel. En al witst wat deryn sit, dochs hast wat fan spanning by dy. Hoe sil it der yn it echt útsjen? Bist tefreden of sjochst fuort op it omslach in loeier fan in flater stean? Hoe tûkt it, hoe fielt it?

    Do setst it mes deryn, yn de doaze fansels, en efkes letter hast it yn hannen. Dyn boek. It Ferbeane Boek! Sjochst dat it tafallich echte krystkleuren hat, read mei grien. Dat docht it goed ûnder de krystbeam!

    Mei dit boek silst grif noflike krystdagen ha, en spannende en mei humor. Lês it, lês foar, oan bern, skoalbern, bernsbern, oan dysels!

    It leit no yn ‘e winkel! En sa net, bestel it dan, oant yn alle boekhannels yn Fryslân dit boek keapsjoch leit te wêzen. In protte wille dermei en Noflike Feestdagen!

    Hanneke de Jong