Simmers

Simmers

Simmers

De lêste simmers wiene net as eartiids. Gjin fakânsje nei Frankryk of Sweden, wol nei Gaasterlân dêr’t it noflik is, mar foar my gjin fakânsjeplak. Yn Gaasterlân skriuw ik meastentiids en ik wit dat dat lúks is. Fakânsje is foar my echt fuort. De ôfrûne jierren kaam ik net fierder as it MCL, dat ik foar dit jier mar myn simmerhotel doopt ha. Men soe der sin oan krije.

De ôfrûne jierren betsjutten foar my in grutte renovaasje fan heupen en knibbel(s). En nije boeken! Tusken de operaasjes, it rêst nimmen, oefenjen en trenen troch is der gjin bettere ôflieding as skriuwen. Heksegrytta, De Bonsterkes, Yn ‘e rimboe en Sis my wa’t ik bin ha de ôfrûne jierren foar ferdivedaasje soarge. Benammen it wurkjen oan De Bonsterkes yn it jier dat ik mei in longûntstekking fan La Palma kaam, – myn alderlêste echte fakânsje dy’t dêr yn it sikehûs einige – brocht my wille yn dy simmer mei ûndersiken en by de wâl op klauterjen. De Bonsterkes holpen my der trochhinne. En ek it lêste boek, dat kommende hjerst útkomt, dêr’t ik my útlibje koe yn myn fantasy, makke dat der fleur wie as ik der ris trochhinne siet. De yllustrator is no dwaande mei de tekeningen en wat bin ik benijd! Ik sjoch út nei de hjerst!

Kommende freed is de twadde knibbel oan bar. Dan hat de sjirurch syn ‘karreetsje’ makke. Foar de fjirde kear opknappe, oefenje en trene en hooplik echt better wurde sadat ik sûnder al tefolle pine kuierje kin en, wêr’t ik o sa nei útsjoch, wer fytse kin. Net allinnich kin, mar ek doar. No is de balâns fuort, ik kin min stjoere, en op de slingerpaadjes yn moai Gaasterlân is dat fan grut belang.

Ik hie it deroer mei de fysio: hoe lear ik dat fytsen wer? Mei fertrouwen op- en ôfstappe, ek as der ynienen in bist of in bern foar de tsjillen springt? Gau remje en ôfstappe, ik kin it net mear en fertrou my net mear. Gjin punt, sei de fysio, wy ha in rinfyts op ‘e praktyk. Rinfyts. Ik tink oan jongste beppesizzer op har houten rinfytske. Dan kinne wy aanst tegearre… ik sjoch it foar my! Moat altyd wêze, sei ik tsjin de fysio.

Oaremoarn giet it oan en ik bin der klear foar. Dan hoopje ik oare jier wer ris op fakânsje te kinnen. Want o, ik wol noch sa’n soad!