It is der: Sis my wa’t ik bin

It is der: Sis my wa’t ik bin

It is der: Sis my wa’t ik bin

 

Loek Rienstra wennet yn in doarp flakby Snits. Pas 11 jier nei de oarloch, hy is dan 13, komt er derachter dat er Joadsk is en dat syn heit en mem him adoptearre ha. Wa ís hy eins? Syn ‘heit en mem’ litte hast neat los. Gelokkich hat mem in deiboekje byholden.

Basearre op it boek ‘Wie ben ik?’ fan Koos Boorsma, oer it libben fan Louis Godschalk dy’t no yn Israël wennet.

Foar bern fan dizze tiid en harren âlden, pakes, beppes, masters, juffers en wa’t it mar lêze wol.

It boek komt net yn ‘e winkel, yfm de subsydzje dy’t bedoeld is foar alle groepen 7 en 8 fan de basisskoallen yn Fryslân. Der is in lyts tal achterút holden om te ferkeapjen oan minsken dy’t der belangstelling foar ha. Wa’t it boek ha wol, kin my in berjochtsje stjoere fia it kontaktformulier. De kosten binne € 7,90 + ferstjoerkosten.

 

Oer de presintaasje

Woansdei 3 juny wie it safier. Moarns krigen de bern yn Skearnegoutum ‘Sis my wa’t ik bin’ fan KfdK Arno Brok. Louis Godschalk, it jonkje foarop it boek, krige om’t er yn Israël wennet, fia Skype, ek in eksimplaar. Tusken Fryslân en Nederlân kin hiel wat barre: de Kommissaris jûch it boek yn de lingte en Louis krige it yn de breedte! Louis hold noch in moai taspraakje foar de bern: oer, út de bibel wei, de rol fan de pleechmem dy’t de eigen mem ferfangt. Nei ôfrin brochten de bern, en Louis gie fia myn whatsapp mei, blommen op it hôf by syn mem.

No is it boek de provinsje yn; alle bern fan groep 7 en 8 yn Fryslân krije in eksimplaar. Skoallen dy’t te min ha, kinne har melde by Stichting Mearslach.

Fansels bin ik graach ree om der op skoallen mear oer te fertellen. Sjoch hjirfoar op De Schrijverscentrale.