4 maaie – wy betinke

4 maaie – wy betinke

4 maaie – wy betinke

 

Hjoed hinget de flagge healstok, de hiele dei, om de deaden te betinken. Om’t 75 jier lyn de besetting foarby wie. Foar my is it oer alle boegen in oar betinkingsjier as foarige jierren.

Nei it skriuwen fan ‘Sis my wa’t ik bin’ en it lêzen oer oare jonge ûnderdûkbern is foar my de oarloch wer konkreter wurden. Dêrom tink ik oan it jonkje dat by ûnrie ferstoppe waard yn in gat ûnder de grûn. Allinnich. Soms oeren. As er dan wer boppe komme mocht en hy in wiete broek fan de spanning hie, wie der gjinien dy’t him oer it kopke aaide en sei: ‘Kom mar, ik waskje dy en dan doch ik gau skjinne drûge klean oan.’ Nee, hy waard útfûtere en moast him mar rêde. Gruttere bern narren him dermei. It jonkje waard in man, hy libbet noch, mar koe it nea ferjitte. Ik tink oan him.

Ik tink oan de pjut út myn boek, dy’t gelok hie. Hy kaam by in leafdefolle ‘mem’ terjochte, al makke se fouten, fansels. Der besteane gjin hânboeken foar it omgean mei ûnderdûkers, lit stean mei sokke lytse bern. Al die syn nije mem noch sa har bêst, yn syn tinken is er altyd in ûnderdûkbern bleaun. Ik tink oan him.

Ik tink oan safolle oaren, dy’t as bern ûnderdûkt sieten; se hawwe it harren hiele libben meidrûgen. Sels as harren âlden ûnderdûkt wiene, koene de bern dêr lêst fan hawwe. Ik tink oan de minsken dy’t ûnderdûkers ‘te gast’ hiene, mei gefaar foar eigen libben en dat fan harren neisten. Se diene it om in protte redenen, fan jild oant leauwe, mar se diene it.

Ik tink oan ús heit, dy’t yn it ferset siet, alles opskreaun en bewarre hat, mar der ús, bern en bernsbern, neat oer fertelde. Ik tink oan ús mem, dy’t it grutste part fan de oarloch yn Amsterdam wenne en pas yn 1944 nei Fryslân kaam te wenjen en te wurkjen. Se wie bang en dat is se har hiele libben bleaun. Mar se wie earlik genôch om tsjin ús heit te sizzen, (se krigen ferkearing) doe’t dy frege oft se krantsjes delbringe woe, dat se dat net doarde. Dat is ek frijheid, want net elk is in held of dapper of oare grutte wurden.

Ik tink oan de minsken yn Nederlân dy’t de lêste wiken in part fan harren frijheid ynleverje moasten. Net om in fijân, mar om in firus. It giet in protte minsken net al te bêst ôf om’t wy sa wend binne oan frijheid. It ynleverjen dêrfan, al is it mar foar wiken of moannen falt meastentiids net ta. Troch inoar ferhalen te fertellen oer de oarloch, troch der boeken oer te lêzen, kinne wy ûnthâlde wat it ynhâldt en wat it ôfnimmen fan frijheid betsjut. Net allinnich doe, yn ús lân, mar oeral dêr’t it no noch oarloch is, dêr’t minsken net sizze meie wat se tinke en fine.

Lit ús dêrom hjoed tinke oan al dy minsken dy’t derfoar soarge ha dat wy betinke kínne. Elk jier op ’e nij.