Lêzingen
Foar skoallen, ferienigingen en oare organisaasjes fersoargje ik graach lêzingen of workshops oer lêzen en skriuwen. Oer datum, plak, tiid, ynhâld ensfh kinne jo kontakt opnimme mei deschrijverscentrale.nl .
Foarbylden foar it basisûnderwiis:
Groep 3 en 4: foarlêze en fertelle oer Gers op it dak en Yn de rimboe.
Groep 5 en 6: foarlêzen en fertelle oer It ferbeane boek. Dit boek is ek hiel geskikt om taalspultsjes mei te dwaan en skriuwopdrachten.
Groep 7 en 8: foarlêze en fertelle oer Heksegrytta, oer freonskip, bûtenslute, peste en oars wêze. Oer Sis my wa’t ik bin. Dit boek is basearre op in wier bard ferhaal en giet oer in jonge dy’t (yn 1956) krijt te hearren dat er adoptearre en Joadsk is en dat syn âlden omkaam binne yn in konsintraasjekamp. Dêr moat er mei leare om te gean yn in fijannige omjouwing.
Foar de Berneboekewike 2023, By ús thús, binne de folgjende mooglikheden:
By groep 1-4 kin ik foarlêze, fertelle en wurkje litte oer De Bonsterkes op ‘e terp. De famylje Bonsma is krekt ferhuze en dat is efkes wennen.
Foar groep 5-8 kin ik foarlêze en fertelle út de boeken dy’t hjirboppe steane mar dan mei de klam op By ús thús.
Foar it fuortset ûnderwiis is it mooglik twatalich te wurkjen. Dit ha ik earder dien yn Burgum. Sjoch Nieuw leven, nieuwe lezingen.