Sis my wa’t ik bin

Sis my wa’t ik bin (2020)

It is 1956, nei de simmerfakânsje. Loek sit yn de twadde klasse fan de ULO. In nije learaar lêst alle nammen fan de learlingen op, behalve Loek sines. Hy lêst ek in namme op dy’t gjinien wat seit. Mar wa’t dat is, wit er net. De learaar tinkt dat Loek him foar de gek hâldt en sleept him mei nei de direkteur. Dy stjoert Loek nei hûs mei it boadskip dat it tiid wurdt dat syn heit en mem alles fertelle.
Noch hieltyd hat er gjin idee. Syn mem jout him in deiboekje dat se byholden hat. It begjint yn 1944, as it oarloch is. Foar Loek begjint de syktocht nei wa oft hy no eins is.

Yn oktober 2019 krige ik it fersyk fan de Stichting Mearslach om in boek te skriuwen oer in Joadsk bern dat yn de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân ûnderdûkt west hie. Dit nei oanlieding fan 75 jier befrijing yn 2020. De Leeuwarder Courant, It Friesch Dagblad en Omrop Fryslân wiene al op syk nei sokke bern, dy’t, foar safier’t se noch libje, no allegear âlde minsken binne. Om de ferhalen fan harren ûnderdûk as bern te fertellen oan de minsken fan no. Wat it foar harren betsjutten hat yn de oarlochstiid en dêrnei.

It ferhaal fan Louis Godschalk foel op om’t er hiel lang neat wist fan dy tiid. Hy hie syn ferhaal oan Koos Boorsma ferteld, dy’t it boek ‘Wie ben ik?’ skreau. It is belangryk dat it net allinnich oer de bern fan dy tiid giet, mar ek dat de bern fan dizze tiid meikrije wat der doe bard is. Yn de oarlochstiid, mar ek dêrnei. Oer in bern, foar de bern!

It boek fan Koos Boorsma tsjinne as kapstok foar dit boek. De nammen fan Louis, syn pleechmem en -heit en -famylje, binne gelyk bleaun. Oare nammen en personaazjes ha ik betocht. It is in ferhaal wurden en gjin skiednis. Op de fragen dêr’t Louis gjin antwurd op krigen hie, koe ik meastal it antwurd ek net jaan, mar in skriuwer kin it wol betinke. Dat ha ik dien.

Dit boek is ta stân kaam mei meiwurking fan de Stichting Mearslach, Koos Boorsma, de skriuwer fan ‘Wie ben ik?’ en benammen mei meiwurking fan Louis Godschalk sels. Wy hiene in goed mailkontakt en hy beantwurde myn fragen foar safier’t er koe. De foto’s fan syn libben mocht ik sels útsykje, sadat se by it ferhaal passe soene.

Foar my wie it hiel bysûnder om op dizze wize in boek te skriuwen. Ik hoopje dat de bern fan dizze tiid it lêze sille en neitinke sille oer wat frijheid foar harren betsjut.