Biografy

Biografy

about_5_ik_lytsOp 18 juny 1952 bin ik berne yn Aldetrine, in doarpke flakby Wolvegea. Ik groeide op yn Sint Nyk. Ik woe – letter as ik grut wie – foar de klasse stean, krekt as ús heit. Dat ha ik ek dien. Earst ha ik lesjûn yn it basisûnderwiis en letter yn it fuortset ûnderwiis. Yn 2015 ha ik de kar makke om alle tiid te besteegjen oan skriuwen. Dêrnêst bin ik Skoalskriuwster (sjoch www.deschoolschrijver.nl) en dan komt alles dat ik leard ha byninoar. Ik skriuw twatalich, foaral berne- en jeugdboeken. Meastal skriuw ik earst yn it Frysk en set ik it letter oer nei it Nederlânsk mar soms skriuw ik ek om en om. De iene kear wol it foar gjin meter, de oare kear giet it samar en skriuw ik ‘op fleugeltsjes’. Hearlik om te dwaan!
Yn de tiid dat de bern – twa jonges en in famke – opgroeiden, foel it net altyd ta om thús oan skriuwen ta te kommen. Sûnt dy tiid skriuw ik simmers yn in sjalet yn Gaasterlân. De bern binne yntusken troud of wenje byinoar, mar ik gean noch altyd nei Gaasterlân te skriuwen. Sûnt ik beppe bin, bringe de lytse beppesizzers my ek noch wolris op in idee!

It Frysk is de taal dêrt ik lêzen en skriuwen yn leard ha, dêr’t ik it meast yn tink en dream, dat is de taal fan myn gefoel. By it oersetten fan in tekst nei it Nederlânsk fernim ik dat ik mear ôfstân nim. As ik in boek fan my yn it Nederlânsk sjoch, bin ik altyd in bytsje ferbaasd. Ha ik dat skreaun? It is hiel handich ast twa talen ta dyn foldwaan hast. Soms wit ik in wurd net yn it Frysk mar wol yn it Nederlânsk. In oare kear kin ik it better yn it Frysk ûnder wurden bringe. Dan wurdt it my yn de oare taal dúdlik wat ik eins bedoelde.

 

Mear ynformaasje:

www.sirkwy.nl

www.leopold.nl

www.uitgeverijxanten.nl

http://www.leesfeest.nl/auteur/jonghanneke-de

Ynterviews:

BoekenBijlage (door Pieter Feller) : Fries is de taal waarin ik denk en droom

Leeuwarder Courant (door Maria del Grosso) : Altijd kermis in je hoofd