Skriuwlab

Skriuwlab, it begjin

  • Nij boek yn oanbou (1)

    30 mei 2026

    Nij boek yn oanbou (1)

    Ik hie my foarnaam om gjin stikjes mear te skriuwen en wat doch ik? In stikje skriuwe. Yn gedachten hear ik Johan sizzen: dêr wurd ik dochs sa wurch fan! Ja, ik ek, deawurch fan myn eigen wispeltuerich brein.

    Ik hie my ek foarnaam om in Frysk boek te skriuwen en wat wurdt it? Twatalich.

    Ik wie ta oan in fleurich berneboek en wat is myn plan? Hm, ja, dat lit him net sa maklik útlizze. By my begjint in boek mei in idee en as dat my yn fjoer en flam set en ik der nei in pear moanne noch oan tink en it net fuort te krijen is, dan moat it mar heve. Meastal komme der mear ideeën dy’t mei dat earste idee te krijen ha, dy’t ik úteinlik mei-inoar yn in pot goai en dan fan in protte losse stikjes in ferhaal bak. Wat it dizze kear oars makket binne ferskillende saken:

    • Ik woe in boek(je) skriuwe foar myn bernsbern. Earst tocht ik oan in oplage fan 20 en miskien doch ik dat wol. Mar miskien sizze jimme dat oaren dat grif ek lêze wolle. Dan feroaret de saak.
    • Tagelyk soe ik help fan in redakteur brûke kinne.
    • Foaral no, no’t ik nei in lange tiid siik wêzen, en nóch!, it dochs wer besykje wol en dan daliks mar in boek(je) dat wol ‘im Grossen  Ganzen’ yn ’e holle sit mar dan fierste yngewikkeld. Meitsje dat mar wer ris simpel!
    • Mar foaral omdat dit it earste boek(je) is dat ik sûnder de stipe en it fertrouwen fan Johan skriuwe moat. Moat? Ja, moat, om’t ik it belangryk fyn. Dat hat te krijen mei de lêste boeken dy’t ik skreau: Sis my wa’t ik bin en Wat het hele dorp wist.
    • Dêrom hoopje ik op stipe fan jim, dat jim meilêze, meitinke, my no en dan in setsje jouwe dat it wol goedkomt of my delbêdzje as ik al te wylde plannen ha, plus alle oare hûndert en noch wat twifels dy’t ik ha. Ik fiel my wer in begjinneling en eins bin ik dat ek. Want myn long covid harsens wurkje sa compleet oars! Ik sil mysels wer útfine moatte.

    Wêr’t it oer giet? Dat komt in oare kear, no moat ik earst wer bykomme fan dit eintsje typen. Skriuwe mei long covid, ik bin benijd!

    Mochten jim tinke dat it in rommelich stikje is: dat kloppet. Der sille grif flaters yn sitte en dat omslach is ek mar út de losse pols, dat kloppet ek. Dit is in wurkdokumint. Miskien hâld ik der nei in skoftke ek wol mei op, mar it is proef. Jim meie mei my meisjen oer it skouder, mei de briljante ynfallen en de stomme flaters, of as ik miskien bern mei badwetter fuortgoai omdat ik in ‘darling kille’ wol. Jim hoege net kommintaar te jaan, leau my, dat doch ik sels al! Mar it mei.

    Hanneke de Jong
  • Bevrijdingstijd (1)

    14 april 2025

    Bevrijdingstijd (1)

    Het is 5 jaar geleden dat ik de laatste hand legde aan ‘Sis my wa’t ik bin’, het Frysktalige verhaal over het Joodse smokkelkind Louis Godschalk dat als peuter naar Friesland werd gebracht. Hij kwam bij een moederloos gezin waar hij na de oorlog kon/moest blijven. Een door de overheid ingestelde commissie, de OPK – oorlogspleegkinderen – besloot dat dat het beste voor hem was, ook al hadden verschillende familieleden zich gemeld dat ze hem een Joodse opvoeding wilden geven. Pas toen hij 13 jaar was kreeg hij te horen hoe het zat. Hij ontdekte dat iedereen in het dorp dat wist, ook zijn vriendjes, maar dat ze hem dat niet mochten vertellen van de pleegvader. Hij groeit eenzaam op en liefdeloos, ook al was zijn pleegmoeder zorgzaam, maar ze mocht van de vader niet laten merken hoeveel ze van Loekie hield. Het Friestalige blad voor de bovenbouw van de basisscholen Tsjil (Tsjil betekent ‘wiel’ in het Fries) besteedt aandacht aan 80 jaar bevrijding en aan mijn boek. Zie ook www.cedinonderwijs.nl/tsjil

    Een paar maanden geleden kreeg ik een mailtje van een lezeres die het Friese boek had gelezen. Ze vroeg me of ik het had vertaald naar het Nederlands omdat ze het boek zo mooi vond dat ze het haar kleindochter Nova wilde laten lezen. Ik schreef terug dat ik een Nederlandse versie van datzelfde verhaal had geschreven, of beter gezegd had hérschreven: ‘Wat het hele dorp wist’. Het kind uit het Friestalige boek keert terug in de Nederlandse versie, maar dan als grootvader met zijn dochter en kleinzoon. De kleinzoon wil graag weten wat het verhaal van zijn, altijd zwijgende, grootvader is en probeert hem dat te ontfutselen. Helaas was deze Nova nog te jong voor de Nederlandstalige versie.

    Vandaag kreeg ik weer een mail van deze mevrouw. Ze had het Nederlandstalige boek ook gelezen en vond het prachtig. Dan, vertaald: Vandaag feest in Zwolle. 14 april 1945 werd Zwolle bevrijd door de Canadezen. 80 jaar vrijheid. De jaarlijkse kranslegging wordt altijd verzorgd door twee scholen. Op een van die scholen zit kleindochter Nova. Ze had zelf bedacht om het verhaal van Louis Godschalk te vertellen. Met een beetje hulp van oma had ze het opgeschreven. Juf vond het verhaal heel indrukwekkend en daarom goed. Vanmorgen mocht Nova het voorlezen. In het bijzijn van de burgemeester, de zoon van een van de Canadese bevrijders van Zwolle, een groep veteranen en schoolkinderen was het een plechtige bijeenkomst. Zo luisterden we ook naar The Last Post, het Wilhelmus en waren we twee minuten stil. Het was alles bij elkaar een ochtend om nooit te vergeten, aldus de (trotse) oma.

    Beide boeken zijn nog te koop: ‘Sis my wa’t ik bin’ kost €7,90 + verzendkosten als je het via mij bestelt. ‘Wat het hele dorp wist’ is in elke boekhandel verkrijgbaar voor €14,90.

    Hanneke de Jong
  • Moedfearren

    24 december 2021

    Moedfearren

     

    Ut en troch hingje se, dy moedfearren fan my. Doe’t ik miende dat ik it nije jier ynstappe soe sûnder de help fan de fysio om’t ik nei alle operaasjes, renovaasjes en frustraasjes safier wie dat dat koe. It koe net. It kin net. Want: corona.

    Sûnt corona yn it lân is gean ik noch nei twa adreskes: myn masseur om de lea wat soepel te hâlden en de fysio dy’t my yn ‘e sportskoalle helpt om myn kondysje op peil te krijen, en, ek hiel belangryk, de balâns wer te finen. Want dy wie, doe’t de triedsjes fan de lêste knibbel trochsnien wiene hielendal fuort. Sûnt dizze hjerst doarde ik wer te fytsen. Mar doe kaam corona.

    Ik begûn te hoastjen, fielde my net goed, makke in testôfspraak en ja hear: posityf. Ik warskôge de masseur en de sportskoalle en de famylje en makke my soargen. Binnen in wike, it wie op in freed, sei ik: ‘Ik kin hast net mear, dit is net goed.’ Fan de âldste soan mocht ik in saturaasjemeter brûke dy’t fier ûnder de 90 stie. En fan de tiid yn it sikehûs op La Palma wist ik dat dat net doogde. Ik makke in ôfspraak mei de húsdokter, dy’t wat sei oer kwetsber en sa en deselde jûn lei ik, nei ûndersiken yn it MCL, yn it Martinisikehûs yn Grins. Ik soe der 11 dagen bliuwe, doe mocht ik wer nei hûs.

    It foel net ta, thús, en noch net. Ik moat bewust sykhelje, oars wurd ik wer benaud. As de sinne in bytsje skynt kuierje ik wat oer it plein hinne en  wer. Ik lês wat, breidzje ris in toer en doch in spultsje. Mar, wat foar my hiel bysûnder is, soms lis ik op bêd te lizzen, wurch te wêzen, sûnder gedachten. In ADHD-holle stiet noait stil ommers! No wol.

    Oare jierren yn desimber skriuw ik de plannen op foar it nije jier, it boek of de boeken dêr’t ik oan wurkje sil, want o, dy holle fol ideeën! Dy moat leech! Dit jier gjin plan mar hoop. Dat it my foar it seisde jier slagje sil myn kondysje en de balâns werom te krijen. Boeken komme yn 2022 op it twadde plan, al sil der yn it foarjier in jeugdboek yn it Nederlânsk útkomme. Dêr moat ik noch mei oan ‘e slach yn jannewaris en dan moat ik skerp wêze. Of sa skerp mooglik. En oars as Pippy – dy’t dat net sein hat -, sis ik: ‘Ik ha it earder dien, dus ik wit dat ik it kin.’

    Ik winskje jim moaie krystdagen ta, en alle goeds en sûnens foar 2022. En mochten jim der ferlet fan ha: moedfearren. Want foardatst it witst, kinst se noadich ha.

    Hanneke de Jong
  • In nije dei, in nije wei

    22 oktober 2021

    In nije dei, in nije wei

    Noait te âld om te learen ek al hie dit fansels folle earder kind. Mar ik koe it sûnder, oant no. Krekt myn earste PPP makke en opstjoerd. Power Point Produkt.
    Foar de lessen op de AMS, hjir hast om ‘e hoeke, yn novimber.
    2 x 2 oeren Havo 2 en 2 x 2 oeren TL2 yn it ramt fan de Ferhaletún: hoe skriuwst in ferhaal?
    Oer it bouwen fan in feest (mei tûkelteammen) yn plm. 500 wurden.
    En oer ferskillende perspektiven foar ien ferhaal. Sa as Sis my wa’t ik bin en it Nederlânsktalige jeugdboek dat kommende maitiid ferskynt.
    Soene se der nocht oan ha? Ik wol!
    Hanneke de Jong
  • Berneboekewike 2021 en mear!

    5 oktober 2021

    Berneboekewike 2021 en mear!

     

    It is wer berneboekewiketiid. Fansels hie ik graach op sjou gien by skoallen lâns om foar te lêzen en te fertellen. It leafst út It Ferbeane Boek om’t dat in echt boek is om yn in boekewike te lêzen. Of yn fakânsjes, of… No ja, wannear net? It is spannend, it is fantastysk, grappich en wolst trochlêze oant it út is. Mar nei skoallen ta gean sit der noch net yn, myn enerzjy sit yn trenen, kuierjen, fytsen (as it net te hurd waait) en skriuwen. Want ja, der komt wer in boek oan, mar net yn it Frysk. Dat stiet letter yn ‘e plenning.

    Likegoed, wat soe ik graach wer ris op in skoalle sjen wolle, al wie it no en dan mar in oere! Leafst op in skoalle hjir yn de buert, sadat myn man gjin sjauffeur hoecht te boartsjen (al docht er dat mei leafde) om’t ik mysels rêde kin. Mar soks is treffen fansels.

    En it treft! Nei de hjerstfakânsje bin ik útnoege om 2 kear 2 oeren les te jaan oan twa twadde klassen fan de AMS, in vmboTL klasse twa en in havoklasse twa, yn it ramt fan meartaligens. It is in projekt, Proeftún, mei as doel de learlingen oan it skriuwen te krijen, om harren op it paad fan de ferhaleskriuwer te wizen. Dat elk it kin, mar hoe dan? Wat binne de tûkelteammen, hoe krigest spanning, hoe learst dyn personaazjes kennen? En kin dat yn 2 kear 2 oeren? Nee, dat net, mar juf Idske Bangma jout tips yn de lessen dat ik der net bin. Nei fjouwer wike sil immen mei oare kreative gaven lessen jaan foar in presintaasje of … dat is in ferrassing, om it ferhaal oan oaren troch te jaan.

    Doe’t ik jierren lyn, yn triennen, ôfskied naam fan myn lesjouwende taken op skoallemienskip Piter Jelles hie ik wier nea betinke kind dat ik nochris, 20 jier letter!, werom foar klassen yn it fuortset ûnderwiis stean soe. Om it oer myn eigen boeken te hawwen en oer ferhalen, oer skriuwen! Dêrom ha ik dizze berneboekewiken geduld om’t ik wit dat der wat moais yn it fet sit.

    Likegoed heiten, memmen, pakes, beppes en masters en juffers, gean nei jim pleatslike boekhannel en keapje in boek foar de bern, foar de jeugd. Ha de bern gjin nocht om te lêzen? Lês foar, dat is foar elk in feest. In berneboekfeest!

    Hanneke de Jong