Skriuwlab

Skriuwlab, it begjin

  • Nije Sweltsjes fleane út!

    18 november 2019

    Nije Sweltsjes fleane út yn ‘e hjerst!

    Der soe in nije rige Sweltsjes ferskine en ik mocht ek wer ien ôfleverje. De deadline wie 1 april en dat wie gjin mop. It waard noch minder in mop doe’t 1 april tichterby kaam en yn myn holle gjin inkeld idee opkaam. In holle dy’t krekt altyd fol ideeën siet! De reden wie my wol bekend: ik hie ein jannewaris wer in nije heup krigen en it revalidearjen en opknappen frege alle tiid en enerzjy. En sa te fernimmen ek myn gedachten. Dêr hat in útjouwer lykwols neat oan en ik ek net, dus moast ik der wat op betinke.

    Aldste soan belle oft de húshâlding del komme koe om in bakje kofje. Fansels, altyd wolkom en soe Thijs, âldste beppesizzer, miskien beppe helpe wolle? Dat woe Thijs wol en doe’t se by ús wiene lei ik it probleem út: in nij sweltsje, leafst in ferfolch op Gers op it dak en in folslein lege holle.

    ‘Mei ik deroer netinke, beppe?’

    ‘Ja, fansels. Miskien kinst belje ast wat witst.’

    Tiisdeis belle er. ‘Beppe, dat gers op it dak, dat witte wy wol. Mar as der no ris in jonkje op besite komt dat mei Eef giet te boartsjen yn it park of de bosk nêst harren hiem. Dat jonkje hyt…’

    ‘Ho mar, ik wit it al!’

    Ik moast gewoan wat fierder sjen as it dak; fjirtjin dagen letter wie it klear. Tankewol Thijs!

    Ferline wike wie it safier dat de twadde rige Sweltsjes útfleach. Op basisskoalle De Wielen yn Ljouwert kamen skriuwers, tekenaressen en útjouwer byinoar foar de presintaasje. Groep 4 en 5 en sterkste man fan Fryslân Wout Zijlstra wiene te gast. Eins wiene wy fansels allegearre te gast, mar oaninoarprater en skriuwer Jelle Bangma naam it heft al gau yn hannen.

    De iene skriuwer fertelde wat oer har/syn boek en lies in eintsje foar, de oare skriuwer fertelde oer de gearwurking mei de yllustrator en fansels kamen de tekenaressen sels ek oan it wurd. De pakesizzer fan Jelle, dy’t dêr op skoalle siet, lies in eintsje foar út it boek fan syn pake: Wouter wol de sterkste wêze. De sterkste man fan Fryslân liet sjen wa’t echt de sterkste wie. Hy goaide mei gemak in juf yn ’e loft!

    De bern fan skoalle harken mei sân pear earen en alle skriuwers hoopje dat se de boeken ek mei sân pear eagen lêze sille. It wie moai om te dwaan. No wol ik fuort wer mei in folgjend boek te set, foardat der noch in nij helpstik (2 heupen en 1/2 knibbel ha ik al) yn setten wurde moat. Want ja, der moat (hooplik ta beslút) noch in hiele knibbel yn, mar dat komt as ik wer folslein opknapt bin. Earst in protte oefenje, trene en skriuwe. Ideeën binne der wer genôch. Wat presys? Dat sis ik pas as it folgjende boek tusken de kaften en op dizze side stiet.

    De fleurige yllustraasjes binne, lykas by Gers op it dak, fan Linda de Haan. Moai no?

     

     

    Hanneke de Jong
  • Simmerplannen

    27 juni 2019

    Simmerplannen

    De orthopeed belle my. Hy hearde grif allegear drokte op ‘e achtergrûn en frege: ’Schikt het wel?’

    ‘Ja hoor,’ sei ik, ‘even een rustig plekje zoeken. Ik zit op een verjaardagsfeestje, onze kleinzoon wordt negen.’ Ik bin altyd fan de oerstallige ynformaasje, altyd oan it útlizzen. Juf.

    Hy fertelde dat ik oan in nije knibbel ta bin, in heale, want de oare helt is noch goed. Boppedat is it minder belestend as in hiele. Ik frege my ôf oft ik dan oare jier net foar de twadde helt hoegde te kommen, mar hy sei der fuort by as blike soe dat de oare kant ek min is, der in hielen yn komt. ‘Ik denk dat het augustus/september wordt.’

    Ik hie gjin plannen foar dizze simmer, útsein skriuwen dan, noflik yn it sjalet yn Gaasterlân; ik woe wer mei in jeugdboek oan ‘e slach. It begjin dizze simmer goed delsette, sadat ik it kommende winter miskien yn ien kear ôfskriuwe koe.

    Fuort plannen, want ik ha fan de lêste heup, dy’t ik ein jannewaris krige, leard dat yn de ‘herstelfase’ alle enerzjy yn de lea sitten giet. 

    Fan kwalen dy’t ‘net oantoanber’ binne en dêr’t dus ek neat oan te dwaan is, bin ik oergien op it echte wurk: oantoanber en reparabel. En sa feroarje ik stadichoan yn in bionyske frou. Want de oare knibbel is ek net bepaald sûnder pine. 

    Hawar, ik kin foarlopich foarút, hoech my net te ferfelen en hoopje dat ik yn alle gefallen it berneboek dat ik tusken de ûndersiken troch besykje te skriuwen, ôf krije kin. 

    En takomme wike sil ik nei Lilan ta, byprate mei har en de oaren fan de húshâlding. Dêr ha ik sin oan!

    Hanneke de Jong
  • Noch ien kear ‘De Bonsterkes’

    26 januari 2019

    Noch ien kear ‘De Bonsterkes’

    Wy, Linda de Haan en ik, krigen in útnûging fan de Sint Lukasskoalle yn Drachten. Oft wy yn it ramt fan de Fryske wike(n) fertelle en foarlêze woene oer en út ‘De Bonsterkes op ‘e terp’. Dat woene wy wol! De Schrijverscentrale regele alles en ôfrûne tongersdei setten wy dy kant út.

    Moarns betiid wie Linda al op skoalle om in lytse tentoanstelling fan har wurk del te lizzen en op te hingjen. As de bern ûnderweis wiene nei de grutte hal dêr’t wy sieten te fertellen, koene se fuort sjen wat se allegear makke hie: de tekeningen fan Gers op it dak en Ha, in ein (beide fan de Sweltsjerige foar begjinnende lêzers), har wurk fan Fratsen foar de Omrop en wat se foar De Bonsterkes makke. 

    Op it poadium stiene in noflike stoel en in sitblok klear en fansels de útfanhuzersdoazen mei it spoek dat yn it boek foarkomt, de draak en oare omballingen (attributen). Wy ûntfongen trije groepen, de middenbou, de ûnder- en de boppebou, meiïnoar 375 bern! Dat griisde ús fan tefoaren al wat oan, mar de bern wiene múskestil as wy fertelden en foarliezen út De Bonsterkes. Foar de boppebou fûnen wy dat wat te maklik en ha ik ferteld oer Wês net bang en de reis dy’t Lilan makke nei Nederlân. Dêr wiene de bern o sa fan ûnder de yndruk.

    Ut alle groepen krigen wy fragen. Hoe’t dat no siet mei de fantasy, wannear oft de ynspiraasje kaam en wat as dy op him wachtsje liet, oft Linda en ik oerlis hiene en oft we inoar al kenden, hoe âld ik wie (stokâld!) en hoelang as skriuwers trochskriuwe koene. Ik fertelde dat ik noch lang de âldste skriuwer net bin, dat Dolf Verroen al 90 is en alle jierren ien of mear boeken útbringt! Oooohhh!

    It wie in prachtige moarn en dat fûnen Linda en ik net allinnich, nei dy tiid stapten guon juffen efkes út de klasse om te fertellen hoe’t se genoaten hiene. Middeis krigen wy in mailtsje fan de organisaasjejuf dat se allegearre o sa te sprekken wiene en dat de bern graach witte woene hoe’t it fierder gie mei De Bonsterkes. Foar de boppebou wurde Heksegrytta en Wês net bang oantúgd.

    Foar my wie dit foarlopich de lêste kear dat ik de hort op gie. Woansdei sil ik de twadde nije heup krije en dan moat ik wer revalidearje en oan de kondysje wurkje. Om it mysels sa oangenaam mooglik te meitsjen – de tip fan de fysio is dat nije ûnderdielen net allinnich trening mar ek rêst nedich ha – sparre ik de lêste moannen boeken op. Der leit in knap steapeltsje op my te wachtsjen, dat it kin om my wol oangean.

    Hanneke de Jong
  • Aksjewiken foar bern

    26 oktober 2018

    Aksjewiken foar bern

    Wy giene op stap, Linda de Haan en ik, en wy reizgen trije wiken lang de skoallen by del. Fan Dokkum oant Reduzum, fan Paesens oant Burgum, nei Ljouwert en nei Hallum. Linda klaaide it lokaal oan, faak it gymlokaal fan de beukers, ik soarge foar in stoel, en as de bern kamen, wiene wy der klear foar.

    Net ien kear hiene wy wat dúdliks ôfpraten, dat wol sizze wy ha dat ien kear besocht, mar it gie finaal oars, dus dat hie gjin sin en wy lieten spontaan barre wat barde. De iene kear begûnen de bern daliks te freegjen: ‘Wat is dat? Wêrom is dat?’ Dat wiene de fragen oer Linda har atrributen, want se kin net allinnich moai yllustrearje, se nifelet ek omraak.

    As wy foarliezen, wie it ek noait itselde. Soms liezen wy om bar in alinea, soms lies de iene de tuskentekst en de oare wat der sein waard en soms oarsom. It gie samar, fansels, as giene wy al jierren tegearre op in paad. Wy hiene it nei it sin en fermakken ús ta de teannen út. Soms bejûch myn stim it en dan fertelde Linda wat mear en lies se wat mear foar, al koe ik it meastal net litte om mei in ‘swiere shagtrochsmoke stim’ myn sechje te dwaan.

    De bern op de skoallen wiene ek allegear oars: yn Ljouwert hiene wy groepen mei in protte kleurde bern, dy’t gjin Frysk praten, mar wy koene Nederlânsk, dus gjin probleem. Dat wie de kear dat Linda fertelde dat ik as bern it lêzen en skriuwen earst yn it Frysk leard hie. Doe krigen wy it oer meartalichheid. Wy fregen wa’t thús noch in oare taal praten, de measten, en doe’t ik fertelde datst dan in fin mear hast as in bears, omdatst dy  yn mear as ien taal uterje kinst, begûnen de eagen te glânzjen. Se hiene net in probleem, se hiene wat ekstra’s! Yn de lessen yn de stêd krigen wy de measte fragen. ‘Mevrouw, mag ik u wat vragen?’ Achterinoar troch, wy kamen amper oan foarlêzen ta.

    Wy begûnen ek hieltyd faker oer inoar te fertellen. Sa as Linda oer myn twataligens en dat ik mysels as bern it Nederlânsk lêzen oanlearde; as ik geduld hân hie, hie ik it fansels yn de twadde klasse leard! En ik fertelde dat Linda it mier hie oan it tekenjen fan skuon, mar it draakje dat op de avenearskuon stie folle moaier wie om te meitsjen!

    De bern seine tsjin Linda: ‘Linda liket wol in keunstner!’ En de lêste groep frege oan ús: ‘Soene jim de Gouden Griffel winne wolle?’

    Hanneke de Jong
  • Berneboeketiid 2018

    3 oktober 2018

    Berneboeketiid 2018

    It Aksjeboek foar bern 2018 leit yn de winkels!

    Sneon 29 septimber wie it de Aksjedei fan Linda en mij. We begûnen moarns om 9 oere by Op en Ut fan Omrop Fryslân om te fertellen oer ús boek. Dêrnei koene wy werom nei hûs, want de presintaasje soe pas om 15.00 oere wêze. Tsjin de tiid dat wy werom kamen, wie it prachtich waar wurden. In protte minsken wiene der op út yn Ljouwert, alle parkeargaraazjes stiene fol, en gelokkich wiene der ek aardich wat minsken ôfkaam op ús presintaasje.

    Wy stelden inoar fragen sadat de gasten in idee hiene hoe’t wy te wurk gien wiene, ik lies in eintsje foar en doe wie it tiid foar de 7 Bonsterkes – dy’t elk in eksimplaar krigen fan De Bonsterkes op ‘e terp – om nei foaren te kommen. Wa wiene dy Bonsterkes dan?

    It wiene myn 5 bernsbern en de beide jonkjes fan de broer fan myn skoansoan, dy’t Bons fan de achternamme hite. Want dêr kaam de ynspiraasje foar de Bonsterkes wei. De bern binne skatten, mar ek gauris Monsterkes!

    Doe’t de bern harren boek hiene, koene gasten dy’t dat woene in boek keapje en Linda en ik sieten monsterachtich te sinjearen. It wie in hiel gesellige middei, mei positive reaksjes!

    No is de echte Aksjemoanne begûn en geane Linda en ik, en soms Linda allinnich, nei skoallen ta om oer it boek te fertellen, foar te lêzen en der oer te wurkjen. Ek al om’t wy dat tegearre dogge, is it gjin straf want wy dogge it mei nocht!

    Hanneke de Jong