Skriuwlab

Skriuwlab, it begjin

  • Ynkoarten: It Ferbeane Boek (2)

    1 december 2020

    Ynkoarten: It Ferbeane Boek (2)

    Oare wike, krekt nei Sinteklaas, mar rojaal foar de krystdagen, komt myn nije boek út. In boek om kado te dwaan, foar kryst of de krystfakânsje, foar elk dy’t in aaklik jier achter de rêch hat of gewoan foar dysels, om op te fleurjen. Want fan in moai boek knapst altyd op. Wêr giet it oer?

    Fedde is 8 en sit yn groep 5. Alle oare bern fan de klasse lêze en hy net. Hoe kin dat? Juf en heit en mem ha gjin idee. Fedde is net dom, al fynt er dat sels faak wol. Fedde kin oare dingen: rekkenje en foaral tekenje. As de oare bern in opstel skriuwe, tekenet hy in stripverhaal, want fantasy hat er genôch.

    As er fan mem in pantsje sop bringe moat oan de (aparte) buorman sjocht er in hiel âld boek lizzen, mei in sulveren slot derop. Dat boek wol er daliks beetpakke. Foar it earst soe er sels lêze kinne wolle. As er de hân der nei útstekt komt buorman krekt de keamer yn en snaut: ‘Wat moat dat? Dat boek is foar dy ferbean!’

    It boek lit Fedde net los, hy wol der yn sjen en leafst lêze. Mar der sit gjin kaike by en hy kin net lêze. Wa soe him helpe kinne?
    Hy freget Feyza, dy’t by him yn ’e strjitte wennet en by him yn it lokaal sit. Sy wit wol fan syn lêsellinde. Se wol him helpe mei It Ferbeane Boek, mar allinnich as sy him lêzen leare mei. Dat prate se ôf.
    Op in dei freget buorman oft er op de poes passe wol. Dat komt goed út! Dy middeis geane Fedde en Feyza tegearre nei syn hûs. En wat se dan fine…

    It Ferbeane Boek is geskikt foar lêzers fan 8 jier ôf, mar it is ek in moai boek om foar te lêzen. Troch heit of mem, pake of beppe of yn de klasse. It is in boek mei humor, spanning en in protte fantasy. En net te ferjitten: mei prachtige yllustraasjes fan Monique Beijer!

    Hanneke de Jong
  • Ynkoarten: It Ferbeane Boek (1)

    27 november 2020

    Ynkoarten: It Ferbeane Boek (1)

    De wike nei Sinteklaas komt myn nije berneboek út: It Ferbeane Boek. Oer Fedde fan 8 dy’t noch altyd net lêst. Hoe kaam ik der by om dat te skriuwen?

    Fan 2015 oant begjin 2018 wie ik skoalskriuwer op ferskate plakken yn Fryslân. Yn ús provinsje wurken de skoalskriuwers, wy wiene hjir op in stuit mei 10, twatalich. In lyts healjier gie in berneboekeskriuwer nei in skoalle ta om mei trije klassen, tiim en âlden te wurkjen oan lêzen en skriuwen en taal. Net fia de gewoane lesboekjes, mar op in manier dy’t dy skoalskriuwer en de skoalle belangryk fûnen. Mear oer de skoalskriuwer op De Schoolschrijver, de Stichting út Amsterdam dy’t bern taalsterk meitsje wol.

    Ik fûn it geweldich om te dwaan, om te wurkjen mei myn beide leafdes, skriuwen en ûnderwiis. Trettjin lessen jûch ik, oer lêzen: grappige boeken, spannende boeken, yndrukwekkende boeken. Ut in kiste fol boeken koene de bern mar kieze en hiene wy it der oer. En wy skreaunen. Oer de sinnen (sintugen), oer spannend skriuwe, oer begjin en ein, knutselmearkes en oer wat net. Om in foarbyld te jaan lies ik dy iene klasse, de bern sitte no al op it fuortset ûnderwiis, in stikje foar fan in ferhaal dat ik oan it skriuwen wie. Dat waard it begjin fan dit boek.

    Der kamen oare boeken en oare saken tusken, mar yn myn holle wist ik dat ik fan dit begjin in boek skriuwe woe. Nei ‘Heksegrytta’, dat yn 2017 útkaam, bin ik deroan begûn. It ferhaal gie gauris mei my op ’e loop, dat hie ik wol yn ’e gaten, want de drokke holle fan dizze skriuwster wist net altyd krekt wannear’t se ophâlde moast of krekt noch efkes fierder gean koe. Gelokkich tocht de útjouwer mei en krige ik, doe’t ik myn aai lein hie, stipe fan in redakteur. In redakteur besjocht dyn wearloaze bleate berntsje kritysk en mei leafde, en tegearre bepopken wy it ferhaal oant it ús beide nei it sin wie. De tredde fee wie de yllustratrise, dy’t prachtige tekeningen derby tsjoende: Monique Beijer.

    No is it by de drukker en 8 desimber leit it yn ’e winkel. Oare wike mear!

     

    Hanneke de Jong
  • Simmers

    26 augustus 2020

    Simmers

    De lêste simmers wiene net as eartiids. Gjin fakânsje nei Frankryk of Sweden, wol nei Gaasterlân dêr’t it noflik is, mar foar my gjin fakânsjeplak. Yn Gaasterlân skriuw ik meastentiids en ik wit dat dat lúks is. Fakânsje is foar my echt fuort. De ôfrûne jierren kaam ik net fierder as it MCL, dat ik foar dit jier mar myn simmerhotel doopt ha. Men soe der sin oan krije.

    De ôfrûne jierren betsjutten foar my in grutte renovaasje fan heupen en knibbel(s). En nije boeken! Tusken de operaasjes, it rêst nimmen, oefenjen en trenen troch is der gjin bettere ôflieding as skriuwen. Heksegrytta, De Bonsterkes, Yn ‘e rimboe en Sis my wa’t ik bin ha de ôfrûne jierren foar ferdivedaasje soarge. Benammen it wurkjen oan De Bonsterkes yn it jier dat ik mei in longûntstekking fan La Palma kaam, – myn alderlêste echte fakânsje dy’t dêr yn it sikehûs einige – brocht my wille yn dy simmer mei ûndersiken en by de wâl op klauterjen. De Bonsterkes holpen my der trochhinne. En ek it lêste boek, dat kommende hjerst útkomt, dêr’t ik my útlibje koe yn myn fantasy, makke dat der fleur wie as ik der ris trochhinne siet. De yllustrator is no dwaande mei de tekeningen en wat bin ik benijd! Ik sjoch út nei de hjerst!

    Kommende freed is de twadde knibbel oan bar. Dan hat de sjirurch syn ‘karreetsje’ makke. Foar de fjirde kear opknappe, oefenje en trene en hooplik echt better wurde sadat ik sûnder al tefolle pine kuierje kin en, wêr’t ik o sa nei útsjoch, wer fytse kin. Net allinnich kin, mar ek doar. No is de balâns fuort, ik kin min stjoere, en op de slingerpaadjes yn moai Gaasterlân is dat fan grut belang.

    Ik hie it deroer mei de fysio: hoe lear ik dat fytsen wer? Mei fertrouwen op- en ôfstappe, ek as der ynienen in bist of in bern foar de tsjillen springt? Gau remje en ôfstappe, ik kin it net mear en fertrou my net mear. Gjin punt, sei de fysio, wy ha in rinfyts op ‘e praktyk. Rinfyts. Ik tink oan jongste beppesizzer op har houten rinfytske. Dan kinne wy aanst tegearre… ik sjoch it foar my! Moat altyd wêze, sei ik tsjin de fysio.

    Oaremoarn giet it oan en ik bin der klear foar. Dan hoopje ik oare jier wer ris op fakânsje te kinnen. Want o, ik wol noch sa’n soad!

    Hanneke de Jong
  • It is der: Sis my wa’t ik bin

    8 juni 2020

    It is der: Sis my wa’t ik bin

     

    Loek Rienstra wennet yn in doarp flakby Snits. Pas 11 jier nei de oarloch, hy is dan 13, komt er derachter dat er Joadsk is en dat syn heit en mem him adoptearre ha. Wa ís hy eins? Syn ‘heit en mem’ litte hast neat los. Gelokkich hat mem in deiboekje byholden.

    Basearre op it boek ‘Wie ben ik?’ fan Koos Boorsma, oer it libben fan Louis Godschalk dy’t no yn Israël wennet.

    Foar bern fan dizze tiid en harren âlden, pakes, beppes, masters, juffers en wa’t it mar lêze wol.

    Wa’t it boek ha wol, kin my in berjochtsje stjoere fia it kontaktformulier. De kosten binne € 7,90 + ferstjoerkosten. Fierder is it te krijen bij de Afûk en de Bruna yn Frjentsjer.

     

    Oer de presintaasje

    Woansdei 3 juny wie it safier. Moarns krigen de bern yn Skearnegoutum ‘Sis my wa’t ik bin’ fan KfdK Arno Brok. Louis Godschalk, it jonkje foarop it boek, krige om’t er yn Israël wennet, fia Skype, ek in eksimplaar. Tusken Fryslân en Nederlân kin hiel wat barre: de Kommissaris jûch it boek yn de lingte en Louis krige it yn de breedte! Louis hold noch in moai taspraakje foar de bern: oer, út de bibel wei, de rol fan de pleechmem dy’t de eigen mem ferfangt. Nei ôfrin brochten de bern, en Louis gie fia myn whatsapp mei, blommen op it hôf by syn mem.

    No is it boek de provinsje yn; alle bern fan groep 7 en 8 yn Fryslân krije in eksimplaar. Skoallen dy’t te min ha, kinne har melde by Stichting Mearslach.

    Fansels bin ik graach ree om der op skoallen mear oer te fertellen. Sjoch hjirfoar op De Schrijverscentrale.

     

     

    Hanneke de Jong
  • 4 maaie – wy betinke

    4 mei 2020

    4 maaie – wy betinke

     

    Hjoed hinget de flagge healstok, de hiele dei, om de deaden te betinken. Om’t 75 jier lyn de besetting foarby wie. Foar my is it oer alle boegen in oar betinkingsjier as foarige jierren.

    Nei it skriuwen fan ‘Sis my wa’t ik bin’ en it lêzen oer oare jonge ûnderdûkbern is foar my de oarloch wer konkreter wurden. Dêrom tink ik oan it jonkje dat by ûnrie ferstoppe waard yn in gat ûnder de grûn. Allinnich. Soms oeren. As er dan wer boppe komme mocht en hy in wiete broek fan de spanning hie, wie der gjinien dy’t him oer it kopke aaide en sei: ‘Kom mar, ik waskje dy en dan doch ik gau skjinne drûge klean oan.’ Nee, hy waard útfûtere en moast him mar rêde. Gruttere bern narren him dermei. It jonkje waard in man, hy libbet noch, mar koe it nea ferjitte. Ik tink oan him.

    Ik tink oan de pjut út myn boek, dy’t gelok hie. Hy kaam by in leafdefolle ‘mem’ terjochte, al makke se fouten, fansels. Der besteane gjin hânboeken foar it omgean mei ûnderdûkers, lit stean mei sokke lytse bern. Al die syn nije mem noch sa har bêst, yn syn tinken is er altyd in ûnderdûkbern bleaun. Ik tink oan him.

    Ik tink oan safolle oaren, dy’t as bern ûnderdûkt sieten; se hawwe it harren hiele libben meidrûgen. Sels as harren âlden ûnderdûkt wiene, koene de bern dêr lêst fan hawwe. Ik tink oan de minsken dy’t ûnderdûkers ‘te gast’ hiene, mei gefaar foar eigen libben en dat fan harren neisten. Se diene it om in protte redenen, fan jild oant leauwe, mar se diene it.

    Ik tink oan ús heit, dy’t yn it ferset siet, alles opskreaun en bewarre hat, mar der ús, bern en bernsbern, neat oer fertelde. Ik tink oan ús mem, dy’t it grutste part fan de oarloch yn Amsterdam wenne en pas yn 1944 nei Fryslân kaam te wenjen en te wurkjen. Se wie bang en dat is se har hiele libben bleaun. Mar se wie earlik genôch om tsjin ús heit te sizzen, (se krigen ferkearing) doe’t dy frege oft se krantsjes delbringe woe, dat se dat net doarde. Dat is ek frijheid, want net elk is in held of dapper of oare grutte wurden.

    Ik tink oan de minsken yn Nederlân dy’t de lêste wiken in part fan harren frijheid ynleverje moasten. Net om in fijân, mar om in firus. It giet in protte minsken net al te bêst ôf om’t wy sa wend binne oan frijheid. It ynleverjen dêrfan, al is it mar foar wiken of moannen falt meastentiids net ta. Troch inoar ferhalen te fertellen oer de oarloch, troch der boeken oer te lêzen, kinne wy ûnthâlde wat it ynhâldt en wat it ôfnimmen fan frijheid betsjut. Net allinnich doe, yn ús lân, mar oeral dêr’t it no noch oarloch is, dêr’t minsken net sizze meie wat se tinke en fine.

    Lit ús dêrom hjoed tinke oan al dy minsken dy’t derfoar soarge ha dat wy betinke kínne. Elk jier op ’e nij.

    Hanneke de Jong