Simmer 2021

Simmer 2021

Simmer 2021

 

Dizze simmer wurdt oars as de foarigen. Dit jier gjin operaasje mear yn it sicht, allinnich fierdergean mei oefenjen en kondysjetrenen. It giet boppe ferwachting! Op fakânsje gean ik net, mar in simmer dy’st foar in grut part trochbringst yn Gaasterlân komt aardich yn ‘e buert.

Foardat ik my yn it sjalet deljou, gean ik earst op besite by in tal skoallen. In pear wike lyn ha ik in lêzing jûn, fia Teams, oan in havoklasse fan de AMS. De learlingen hiene allegearre in fraach betocht, se hiene ‘Wês net bang mar wol foarsichtich’ lêzen, dat harren lesoere wie samar om. Se fûnen it moai en ik ek; de technyk wurke gelokkich en al fernimst troch it skerm minder fan de réaksjes fia it skerm, om my kin it wolris wer.

Op de twadde skoalle wie ik skriuwsterbeppe fan beppesizzer Silke. Har skoalle Eigenwijs woe my ek graach fia Teams yn de klasse talitte, dat ik begjin al aardich betûft te wurden. Beppesizzer fûn it fan te foaren freeslik spannend! (ik ek). De technyk liet it earst ôfwitte, mar de klasse wie sa benijd nei wat Silke har beppe te fertellen hie, dat se dêrnei fol oandacht harken. Silke kaam letter stuiterjend thús om’t se it allegearre prachtich fûn hiene. Boppedat hiene alle bern in eksimplaar fan It ear fan Sven krigen!

In oare beppesizzer, Marije, wurket yn de lêste wiken foar de simmerfakânsje oan it téma ferhalen en dan komt in ferhalebeppe ek wol fan pas. De juf wol my it leafste yn it echt ha mar ik ha noch mar ien prik hân en bin wat foarsichtich. Dêrom sil it plakfine yn it gymlokaal fan de kleuters sadat der ôfstân is. Foar Marije is it in ferrassing, se wit fan neat. Ik lês yn alle gefallen foar út ‘De Bonsterkes’ want it ferhaal oer falle mei de fyts barde foar myn eagen op de camping mei dizze beppesizzer dy’t no yn groep 3 sit. Dan witte de learlingen daliks hoe’t ik soms oan ideeën kom.

Nei de lêste skoalle sil ik oare wike, dat is yn Drachten. Dêr kom ik op in poadium te sitten, foar de ôfstân, en sil ik, yn it ramt fan de Fryske wike, fertelle en foarlêze oer en yn It Ferbeane Boek. De Schrijverscentrale belle my hjirfoar en dat makket it ekstra moai omdat ik sa it leafst nei skoallen ta gean. It regelwurk is foar de Schrijverscentrale en ik jou de lêzing, workshop of wat der mar frege wurdt.

Dêrnei kin ik my deljaan yn myn sjalet en wurkje oan ien fan de boeken dy’t my yn ’e holle sitte. It binne trije! Hooplik rinne se inoar net foar de fuotten, ien foar ien liket my it bêste ta.

Ik winskje jim in noflike simmer ta, út of thús, mei of sûnder sport op tv, mar as it heal kin mei in protte boeken, dan is it altyd goed.

Nei de simmer sil ik it hjir ha oer de berneboekewike, want o, wat soe ik graach op skoallen fertelle oer lêzen en skriuwen. Wa’t wis fan in besite wêze wol, kin no ek al kontakt opnimme mei de Schrijverscentrale.