Moedfearren

Moedfearren

Moedfearren

 

Ut en troch hingje se, dy moedfearren fan my. Doe’t ik miende dat ik it nije jier ynstappe soe sûnder de help fan de fysio om’t ik nei alle operaasjes, renovaasjes en frustraasjes safier wie dat dat koe. It koe net. It kin net. Want: corona.

Sûnt corona yn it lân is gean ik noch nei twa adreskes: myn masseur om de lea wat soepel te hâlden en de fysio dy’t my yn ‘e sportskoalle helpt om myn kondysje op peil te krijen, en, ek hiel belangryk, de balâns wer te finen. Want dy wie, doe’t de triedsjes fan de lêste knibbel trochsnien wiene hielendal fuort. Sûnt dizze hjerst doarde ik wer te fytsen. Mar doe kaam corona.

Ik begûn te hoastjen, fielde my net goed, makke in testôfspraak en ja hear: posityf. Ik warskôge de masseur en de sportskoalle en de famylje en makke my soargen. Binnen in wike, it wie op in freed, sei ik: ‘Ik kin hast net mear, dit is net goed.’ Fan de âldste soan mocht ik in saturaasjemeter brûke dy’t fier ûnder de 90 stie. En fan de tiid yn it sikehûs op La Palma wist ik dat dat net doogde. Ik makke in ôfspraak mei de húsdokter, dy’t wat sei oer kwetsber en sa en deselde jûn lei ik, nei ûndersiken yn it MCL, yn it Martinisikehûs yn Grins. Ik soe der 11 dagen bliuwe, doe mocht ik wer nei hûs.

It foel net ta, thús, en noch net. Ik moat bewust sykhelje, oars wurd ik wer benaud. As de sinne in bytsje skynt kuierje ik wat oer it plein hinne en  wer. Ik lês wat, breidzje ris in toer en doch in spultsje. Mar, wat foar my hiel bysûnder is, soms lis ik op bêd te lizzen, wurch te wêzen, sûnder gedachten. In ADHD-holle stiet noait stil ommers! No wol.

Oare jierren yn desimber skriuw ik de plannen op foar it nije jier, it boek of de boeken dêr’t ik oan wurkje sil, want o, dy holle fol ideeën! Dy moat leech! Dit jier gjin plan mar hoop. Dat it my foar it seisde jier slagje sil myn kondysje en de balâns werom te krijen. Boeken komme yn 2022 op it twadde plan, al sil der yn it foarjier in jeugdboek yn it Nederlânsk útkomme. Dêr moat ik noch mei oan ‘e slach yn jannewaris en dan moat ik skerp wêze. Of sa skerp mooglik. En oars as Pippy – dy’t dat net sein hat -, sis ik: ‘Ik ha it earder dien, dus ik wit dat ik it kin.’

Ik winskje jim moaie krystdagen ta, en alle goeds en sûnens foar 2022. En mochten jim der ferlet fan ha: moedfearren. Want foardatst it witst, kinst se noadich ha.