Skriuwlab

Skriuwlab, it begjin

  • Aksjeboek foar bern 2018

    9 september 2018

    Aksjeboek foar bern 2018

    Wat is der te rêden?

    It Aksjeboek foar bern komt der oan! Op 29 septimber, middeis om trije oere, is de presintaasje yn MeM, it Talepaviljoen yn de Prinsetún te Ljouwert. Linda de Haan, dy’t de prachtige, fleurige yllustraasjes makke, en ik sille derfoar soargje dat jim jim net ferfele. Heiten, memmen, pakes, beppes, omkes, tantes, masters, juffen en fansels bern, binne fan herte wolkom!

    Nei de presintaasje is it boek te keap foar € 4,95. Mei in krabbel fan Linda en mij!

    Wêr giet it boek oer en foar hokker leeftiid is it skreaun?

    It boek giet oer de Joery en Nine Bonsma dy’t krekt ferhúze binne fan de stêd nei it doarp. Se wenje no mei heit en mem nêst pake en beppe. Gesellich, allegear Bonsterkes op ‘e terp! De bern moatte earst wol wat wenne. Nine hat al gau in freondintsje, mar Joery net. Soe dat feroarje as er nije skuon kriget? De hiel bysûndere avensearskuon?

    De Bonsterkes is in foarlêsboek foar bern fan 4 jier ôf. Bern fan groep 4/5 kinne de ferhalen sels lêze. It tema fan de Berneboekewike is freonskip en dêr giet dit boek ek oer.

    De Bonsterkes is útjûn troch Bornmeer.

    Skoallen en biblioteken

    Linda en ik wolle graach oer ús boek fertelle, foarlêze en der oer wurkje. It handichst is om dat fia de Schrijverscentrale te dwaan; dat foarkomt dûbele ôfspraken. Wy hawwe der sin oan! Jimme ek?

    Mear oer De Bonsterkes: hjir.

    Hanneke de Jong
  • Heaberch tusken twa boeken

    21 juli 2018

    Heaberch tusken twa boeken

    Sûnt koart wit ik dat ik in heaberch bin. Earne yn my sit in spjelde en dy narret my. Hy stekt, hy jokket, hy lit my piipje en hoastje en hy makket it dreech om te sykheljen. En dus om te rinnen en te fytsen en oare dingen te dwaan dy’t ik graach doch. Is dy spjelde der op La Palma ynstutsen of ha ik him al folle langer? Ik ha gjin idee mar ik wit ien ding no wol, ik stean der net allinnich foar. De longarts yn Ljouwert stjoerde my troch nei Nieuwegein; dêr stiet in sikehûs dat ûndersyk docht nei ûnder oaren longsykten. Dêr sykje se spjelden út heabergen.

    Sa ferrint de simmer folslein oars as myn bedoeling wie. Man en ik soene dizze simmer beide op de helling: hy syn beide hernia’s kwyt en ik in nije heup. Mar man syn dokter hâldt der mei op, hy rint tsjin de santich, en ik kin pas in nije heup krije as ik in goede kondysje ha. Dy ha ik net (mear).

    Myn twadde opsje wie om dizze simmer oan in nij boek te begjinnen, it Aksjeboek wie ommers klear. Ik hie trije ûnderwerpen yn ‘e holle en ik wachte en wachte oant ien fan de trije sa lûd rôp dat ik it by de lurven krije soe. Se swije alle trije. Lam fan de waarmte, wolle se my gewurde litte of hoe sit dat?

    Oars as ik tusken twa boeken sit, dan romje ik op, – dat doch ik no ek, hiel stadich – sa komt de holle ta rêst, nimt it ôfskie fan de foarige persoanaazjes en ûntstiet der romte foar wat nijs. Dat lit ik in skoftsje broeie oant it boek raast: ‘Kom op, ik wol der út, skriuw my!’ No ropt der neat. Ik lês, foaral boeken dy’t minsken op Facebook my tipten, mar ik kom der net trochhinne. Konsintraasje fan in flie. No en dan ferset ik wat op myn wurkbled, sadat ik it idee ha dat der wat minder troep leit of ik meitsje steapeltsjes mei deselde gedachte. Stadichoan jou ik my derûnder del. It is simmer en it is waarm, dus wat sil ik noch mear?

    Ik bin in heaberch. Yn Nieuwegein ha ik omtrint 15 buiskes bloed achterlitten, 3 bedoeld foar algemien wittenskiplik ûndersyk, de rest foar dingen dêr’t jo en ik gjin weet fan ha. Alles dat gewoan wei ûndersocht wurdt: tekoart oan dit of dat, of krekt tefolle, skildklier, en neam mar op, is al besjoen. Hoe fierder se sykje, hoe mear kâns op wat seldsums. It is my bêst, as se mar wat fine. De dokter as detektive op syk nei in spjelde. Ik wachtsje, krekt as in heaberch.

    Hanneke de Jong
  • Mei de skatsjes fan Twizel nei de skatten fan Tresoar

    18 februari 2018

    Mei de skatsjes fan Twizel
    nei de skatten fan Tresoar

    Groep 7 en 8 fan De Oanrin yn Twizel hiene yn de foarige les wurke oan in stikje tekst fan harren ferneamde doarpsgenoate Simke Kloosterman. Yn De Hoara’s fan Hastings skriuwt Simke oer Date syn beppe, dy’t sa moai fertelle kin. Se docht dat yn prachtige, spannende wurden dy’t wy no net mear brûke. De bern mochten in eintsje tekst yn harren eigen wurden opskriuwe. Dat foel net ta!

    Ofrûne wike kamen se mear oer Simke oan ‘e weet en in protte oer argiven. Se brochten, mei juf, heiten en memmen, in besite oan Tresoar yn Ljouwert. Binne Reitsma en Sietske Boersma fan Tresoar fertelden earst oer de webside. Wat falt dêr al in protte te ûntdekken! Binne socht in trou-akte fan in oerpake en -beppe fan ien fan de heiten en even letter stie it al op it skerm te lêzen. Elkenien kin dat dwaan, gewoan nei www.tresoar.nl en dan mar sykje.

    Nei in healoerke dat omfleach op de webside dwaald te hawwen, waard it tiid foar it echte wurk: de argiven. De groep waard yn twaën dield. Yn it argyf yn de kelder wie it fris, 17°, om it papier sa goed mooglik te hâlden. Wy seagen kasten, mappen, doazen, rôlkasten en alles wie fol papier. Trou-aktes, berte-aktes, kadasteraktes, tiidskriften, boeken, brieven, koest it sa raar net betinke, as it fan papier wie, lei it dêr. Hânskreaune boeken, it lytste boekje, it grutste boek, it dikste boek en sels de alderearste Ljouwerter krante, út 1752!

      

    De bern harken mei sân pear earen en mochten no en dan Binne helpe: in argyfdoaze yninoar sette of in kast iepen of ticht rôlje. Op healwei wikselen de groepen om it oare part te sjen. Sietske naam ús mei nei it skriuwersgedeelte. Dêr leine de skatten fan Simke Kloosterman al klear. Har boeken, en, wat tsjintwurdich bysûnder is, har hânskriften.

    Computers wiene der doe net, Simke Kloosterman skreau har boeken hielendal mei de hân. Yn in oare doaze sieten de poppen dêr’t Barend van der Veen, ferneamd toanielskriuwer, mei op en út reizge. Sietske lies in eintsje foar út it boekje dat Barend byholden hie: hoe’t er mei de trein nei Bûtenpost gie om’t er optrede soe yn Twizel. Mar op it stasjon wachte gjinien! Doe sette er rinnende nei Twizel en dêr hat er in optreden jûn yn in feesttinte. It wiene prachtige ferhalen dêr’t wy net gau ús nocht fan hiene, mar de klok tikke troch.

    Yn de seal dêr’t de tassen leine, sluten we ôf. Juf fertelde dat sommige bern wat by harren hiene foar Tresoar: de opdracht fan ferline wike, oer Date syn beppe yn harren eigen wurden. Aardich wat bern hiene dat meinaam en de minsken fan Tresoar wiene der wakker bliid mei. It komt by de papieren fan Simke, sei Binne, en as se oer tritich jier mei harren bern nei Tresoar geane, kinne se sizze: Sjoch, dat ha ik skreaun!

    Binne liet ús as eintsjebeslút de akte sjen, dy’t yn it begjin opsocht wie fia de webside, mar no yn it echt. Wat in moaie hanskriften en wat âld! Bern, heiten, memmen, juf en dizze skoalskriuwster ha ôfgryslik genoaten fan de prachtige moarn. Oare wike krije de learlingen fan groep 7 en 8 in opdracht dy’t mei dizze besite te krijen hat, mar wat dat is, ferklap ik noch net!

     

    Hanneke de Jong
  • Werom nei Gaasterlân

    1 november 2017

     

    Werom nei Gaasterlân

     

    Nei it ferstjerren fan myn suster Marijke krige ik noch in lytse erfenis: seis doazen mei foto’s, papieren en snypsnaren fan ús heit en mem. De earste twa jier ha dy doazen ûnder myn wurkblêd stien, altyd yn it sicht mar ik koe der net oan takomme om deryn te sjen. Yn juny fan dit jier, de moanne foardat ik operearre wurde soe, makke ik einlings in begjin.

    In protte koe fuort; ús heit en mem wiene like min yn fuortdwaan as ik. Wat oerbleau wiene benammen foto’s en papieren. Ik fûn it rapport fan myn muoike Harmke, dy’t har âlden fersoarge en letter húshâdster waard by in boer. It rapport, fan de sânde klasse, liet in pear achten en fierder njoggen en tsienen sjen. Ik begriep ynienen wêrom’t se sa goed skake koe en moaie ferhalen betocht, wêrom’t se sa graach it ûnderwiis yn wold hie mar net mocht. Se wie in famke en moast húshâlde. Ik hie fertriet om har en tagelyk wie ik bliid mei eigenskippen fan har dy’t ik by mysels ek ken. Net dy njoggenen en tsienen trouwens!

    Der wiene brieven, skreaun yn 1893-1898 út Paramaribo, troch in jonkje fan trettjin. Us heit hie al útfûn hoe’t de famyljebannen leine mar wêrom’t dy húshâlding yn Paramaribo wie, dat hie hy net opskreaun en wy, myn man hat se allegearre lêzen, koene der ek net achter komme.

    Der wie in protte oer de oarloch. Us heit, skoalmaster en ferteller, hie neat sein oer de rol dy’t hy spile hie yn de oarloch. Miskien fûn er it net de muoite wurdich, mar earder tink ik dat er fûn dat ‘de linker hân net witte moast wat de rjochter die’. Ik fûn de foto’s, ien dêr’t er mei syn maat op stiet mei in skeppe: se groeven in gat yn de grûn oan de râne fan de bosk, leine der tûken oerhinne en koene út it pleatske fan syn maat wei sa de bosk ynflechtsje as der Dútsers kamen. Dat wist ik, dat hie ús heit sjen litten mar hy prate der oer as in spannend boek en wy wiene noch bern, wy pikten dat net op.

    In ferslach fan de earste dagen fan de oarloch. Us heit wie krekt, mei yngong fan trije maaie, beneamd as ‘kweekeling met akte’ yn Roermond. Hy beskriuwt hoe’t se seagen dat de Dútsers Nederlân binnenfoelen, oer de Maas. Kinst it lêze as in spannend boek sûnder ferfolch. It ferfolch wie dat er werom nei Gaasterlân gie.

    Dat wie it plak dêr’t de doaze mei dit guod thús hearde en sa kaam it dat myn man en ik tegearre nei Balk teagen. Wy hiene in ôfspraak mei de minsken fan it Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân. Under it skeane dak fan in hûs oan de Riedhûsstrjitte yn Balk komt ien kear yn de wike in ploechje minsken byinoar. Dat binne de frijwilligers dy’t wurkje oan de webside en it argyf fan it HWG. Doe’t se it doaske mei attributen iepen makken, sprongen se daliks by it earste mapke al hast troch it dak fan blidens: wat moai, wat goed bewarre, hjir kinne se tiden mei foarút!

    Ik wie bliid dat ik einlings dizze stap setten hie al kaam ik der thús achter dat ik noch wol in pear dingen ha dêr’t se bliid mei wêze sille. Allinnich it leafdesbriefke fan ús heit oan ús mem, op hiel tin papier fan it distribúsjekantoar dêr’t se inoar kennen learden, krije se net. It is hast net te lêzen, mar dat hâld ik sels.

    Us heit, op de foto rjochts, is stoarn op 10 maaie 2000.

    Hanneke de Jong
  • Presintaasje Heksegrytta

    22 september 2017

    Presintaasje Heksegrytta

     

    Grut feest! Freed 22 septimber wie de offisjele presintaasje fan myn nije berneboek Heksegrytta. It barren fûn plak yn myn sjalet yn Gaasterlân. It wie in feest mei ien gast: Jant van der Weg-Laverman.

    Wêrom sa, wêrom  hjir, wêrom in twapersoans feest?

    Yn 1995 kaam fan my ‘De griene fretop’ út. It wie ien fan de Ljochtmoanneboekjes om it 25-jierrich bestean fan de KU (Koperative Utjowerij) te fieren. It wiene mear skriftkes as boekjes, mar alle moannen hiene wy as skriuwers in feestje by Ljochtmoanne. ‘De griene fretop’ wie it ienige berneboekje yn de rige. It boekje spile him ôf yn in bosk en yn dat bosk wie in plak dêr’t gjinien komme mocht. Fansels woe de haadpersoan fan dat boek, Wike, dêr hinne.

    Jierren letter seach ik yn in brosjuere fan it Letterenfonds in stikje fan Jant, dêr’t se melde dat it spitich wie dat der fierder neat mei De griene fretop bard wie, dat der gjin folslein berneboek fan makke wie wylst it sa ‘poëtysk skreaun’ wie. Dat rûn my as lij wetter yn ‘e earen, foaral om’t ik ek fûn dat it in echt boek fertsjinne. Mar… ik koe net fierder mei dy fretop. Dochs hat dat stikje de oarsaak derfan west dat dit boek útkaam. De fretop is derút, Wike ek, mar no binne der trije haadpersoanen: Grytta, Annemoon en Bauke.

    Sadwaande woe ik Jant útnûgje om it earste eksimplaar yn ūntfangst te nimmen om’t sy, sûnder it te witten, oan de widze fan dit boek stien hie. Fansels hie ik graach in grut feest hân, mar dat stie de lea noch net ta en dêrom in lyts feest. Jant wist fan neat, allinnich dat se wat fan my krije soe.

    Tsjin trijen kaam se by myn sjalet. Sy hat in húske twa kilometer fierderop, se wie in pear dagen yn Gaasterlân en ik wie der ek wer, dus dat kaam goed út. Ik fertelde myn ferhaal en ja, Jant wist noch alles fan de fretop, mar dat har stikje sa’n ferfolch ha soe, dat ik it sa goed yn ‘e earen knope hie, wist se net. Mar se fûn it moai, want, sei se: ‘Ast dingen skriuwst, krigest mar selden in reaksje, hiel oars as wannearst in lêzing of in foardracht joust.’

    Nei de presintaasje wie der tee mei selsbakte appelkeek en de froulju koene it noch lang pratende hâlde, oer boeken, oer Gaasterlân, oer De Skoalskriuwer en ja, wêr net oer?!

    It wie gesellige presintaasje en it boek? Mar gau lêze, it past by de berneboekewike want it is soms sa spannend  dat de grize dy oer de grouwe giet ast it lêst!

     

    Hanneke de Jong