Heit! Kijk!

Heit! Kijk!

Heit! Kijk!

 

Rein en wyn meitsje dúdlik dat de simmer foarby is. Ik fernim dat in simmer sûnder fakânsje mar in heale simmer is, mar soms giet it sa’t it giet. Ik ha de simmermoannen yn alle gefallen goed brûkt.

Yn juny krige ik alle wiken in epospuit om mear izer yn it bloed te krijen en begjin july wie it safier dat ik klear wie foar in nije heup. Hast alles gie neffens it boekje, woansdeis de operaasje, in pear oeren letter wer nêst it bêd en freeds nei hûs mei oefeningen fan de fysio en in protte dingen dy’t ik net mocht.

De moannen july en augustus stiene yn it teken fan de revalidaasje en dat wie ek it ienige dêr’t ik mei dwaande wie. Fuort wiene alle boeke-ideeën, de kribels om te skriuwen of it missen dêrfan. Tusken oefenjen, krukrinnen en hometrainerfytsen troch ha ik protten boeken lêzen en dat wie hearlik. De earste wiken keas ik benammen boeken dy’t fier fuort spilen, foar it fakânsjegefoel, mar stadichoan gie ik oer op lêzen foar de boekekisten fan De Skoalskriuwer. As ik foar de twadde kear yn Twizel kom, moatte de bern oare boeken yn de kiste fine as ferline jier en der is genôch!

No, twa moanne nei de operaasje, brûk ik de krukken net mear. Ik doch oefeningen mei de fysio yn de sportskoalle en thús, ik kuierje, de iene dei mear as de oare en ik fyts deis in healoere op de hometrainer. Noch hieltyd ha ik gjin oanstriid om te skriuwen: mei dit stikje ha ik dagen dwaande west. It komt wer as it lichem net mear hoecht nei te tinken oer de gewoanste dingen en it gjin enerzjy fret om op besite te gean of besite te krijen.

It wie dus in boekesimmer, net fan mysels mar fan oaren. Dêr lear ik in protte fan, al lies ik soms sokke moaie boeken dat ik tocht dat ik mar wat oanknoffelje as skriuwster. Want ik wol graach mear skriuwe, sadat de holle hielendal leech is, ik wol moaie sinnen skriuwe as yn Lida Dykstra har Verhalen voor de vossenbroertjes of Annet Schaap har Lampje.

Mar ik wurd o sa bliid mei it berjochtsje fan myn âldste beppesizzer. Yn it foarjier krigen al myn beppesizzers in eksimplaar fan Gers op it dak en Thijs, yn groep 3, fynt lêzen geweldich. En al hat er noait in wurd Frysk lêzen, Gers op it dak hie er yn ien dei út en hy wie grutsk op beppe (en beppe op him). Noch moaier waard it doe’t er dizze simmer mei heit, mama en suske Marije yn Denemarken op fakânsje wie en hy, doe’t se in vikingskipmuseum besochten, seach dat it echt bestie. ‘Heit! Kijk!’ rôp er: ‘Gers op it dak!’