Skriuwlab

Skriuwlab, it begjin

  • De lêste moanne mei in fêste baan

    9 maart 2015

    20150309_201503

    Wike 2

    Der kaam in knip yn myn ‘wurksume libben’ . Dy jierren stiene yn it teken fan bern krijen en opfieden. Om’t ik net hiele dagen yn pjuttetaal prate woe en koe, begûn ik oan de stúdzje Frysk. Earst treddegraads en om’t dat sa noflik gie, fuort twaddegraads der achteroan. Dêrnei hie ik skjin myn nocht fan de téory en woe ik dingen dwaan. Ik die mei oan de Frjentsjerter nijjiersrevu, begûn Sinteklazemearkes te skriuwen en te regisearjen en joech Afûkkursussen Frysk oan folwoeksenen. Dêrby hiene wy yntusken trije lytse bern dêr’t ik hiel wat kearen mei nei dokters en it sikehûs moast. Twa buiskebern en ien hiel drok jonkje. Nee, ik ferfeelde my net!

    Doe’t de jongste nei de basisskoalle gie, krige ik mear frijheid en dat begûn te jokjen. Ik woe wer oan it wurk, sels as dat betsjutte dat ik ynfalle moast. Dêr seach ik tsjinoan as hingjen, mar in kantoarbaan wie slimmer. Dat ik melde my oan yn de gemeente Ljouwert, dêr wiene skoallen genôch!

    It waarden dagen dat moarns tsjin healwei njoggenen de telefoan gean koe, dat ik fuort yn de auto stapte, alle kearen nei in oare skoalle. It wie dreech, want soms kaam ik yn in klasse dêr’t ik de seisde ynfaller wie. Dan sieten bern echt net op my te wachtsjen. Gelokkich waard myn oanhâlden beleanne, want op in dei gie de telefoan mei it fersyk my te melden om te praten oer in baan. In echte, fêste baan!

    En yn dyselde tiid kaam myn earste berneboek(je) út. Wat in debút: De kraan seit drip!

    Hanneke de Jong
  • Feestlik begjin fan De Skoalskriuwer

    31 januari 2015

    IMG_0112

    Op tiisdei 27 jannewaris waard ik feestlik ferwolkomme as Skoalskriuwer yn Twizelerheide op De Reinbôge. Mei in liet, in dûnske en in taspraakje fan de wethâlder. Doe stapte ik út in grut boek mei in ûnbidige plunjepûde. Dêryn siet alles dat men noadich hat foar in ûntdekkingsreis. Want dêr giet it de kommende wiken oer: it ûntdekken fan boeken en ferhalen yn twa talen. https://lnkd.in/bjVWUa4

    Hanneke de Jong
  • De Schoolschrijver

    31 januari 2015

    LOGO voor organisatie 1

    O sa bliid bin ik no’t ik fertelle mei dat De Schoolschrijver ek nei Fryslân komt. Noch blider dat ik ien fan de Fryske skoalskriuwers bin! ‘Myn’ skoalle foar it kommende healjier is De Reinbôge yn Twizelerheide. In skoalskriuwer jout ekstra omtinken oan lêzen en skriuwen yn it Frysk en Nederlânsk. Want yn Fryslân is De Schoolschrijver fansels twatalich! Wat in skoalskriuwer noch mear docht? Sjoch www.deschoolschrijver.nl

    Heel blij ben ik dat ik mag vertellen dat De Schoolschrijver ook naar Fryslân komt. Nog blijer dat ik een van de Friese schoolschrijvers ben! ‘Mijn’ school voor het komende halfjaar is De Reinbôge in Twijzelerheide. Kijk op de website wat een schoolschrijver precies doet. Zie www.deschoolschrijver.nl

    Hanneke de Jong