De Bonsterkes

De Bonsterkes

(2018) De famylje Bonsma ferhuzet fan de stêd nei it doarp. Yn it doarp nêst pake en beppe. Joery en Nine ha der o sa’n sin oan, want se binne wiis mei pake en beppe.

Dochs is it oars as yn de fakânsje. Se leare nei en fan skoalle te gean en om te wennen yn de nije groep. Nine hat al gau in freondintsje. Joery wol ek graach in boartersmaat. Mar it is krekt as sjogge de bern fan de groep him net stean. Dat feroaret as er nije skuon kriget. It binne hiel bysûndere skuon!

As Nine fjouwer jier wurdt, mei se ek nei de basisskoalle, krekt as Joery. Foar har jierdei kriget se …. Mar nee, dat ferklap ik net!

De Bonsterkes is it Aksjeboek foar bern fan 2018. It is it earste foarlêsboek dat ik skreaun ha. Dat fyn ik wol spannend. Soene se it moai fine? Bern fan groep 4 en heger kinne it grif sels wol lêze. De fleurige yllustraasjes binne fan Linda de Haan.