Skriuwlab, it begjin
- 27 juni 2019
Simmerplannen
27 juni 2019Simmerplannen
De orthopeed belle my. Hy hearde grif allegear drokte op ‘e achtergrûn en frege: ’Schikt het wel?’
‘Ja hoor,’ sei ik, ‘even een rustig plekje zoeken. Ik zit op een verjaardagsfeestje, onze kleinzoon wordt negen.’ Ik bin altyd fan de oerstallige ynformaasje, altyd oan it útlizzen. Juf.
Hy fertelde dat ik oan in nije knibbel ta bin, in heale, want de oare helt is noch goed. Boppedat is it minder belestend as in hiele. Ik frege my ôf oft ik dan oare jier net foar de twadde helt hoegde te kommen, mar hy sei der fuort by as blike soe dat de oare kant ek min is, der in hielen yn komt. ‘Ik denk dat het augustus/september wordt.’
Ik hie gjin plannen foar dizze simmer, útsein skriuwen dan, noflik yn it sjalet yn Gaasterlân; ik woe wer mei in jeugdboek oan ‘e slach. It begjin dizze simmer goed delsette, sadat ik it kommende winter miskien yn ien kear ôfskriuwe koe.
Fuort plannen, want ik ha fan de lêste heup, dy’t ik ein jannewaris krige, leard dat yn de ‘herstelfase’ alle enerzjy yn de lea sitten giet.
Fan kwalen dy’t ‘net oantoanber’ binne en dêr’t dus ek neat oan te dwaan is, bin ik oergien op it echte wurk: oantoanber en reparabel. En sa feroarje ik stadichoan yn in bionyske frou. Want de oare knibbel is ek net bepaald sûnder pine.
Hawar, ik kin foarlopich foarút, hoech my net te ferfelen en hoopje dat ik yn alle gefallen it berneboek dat ik tusken de ûndersiken troch besykje te skriuwen, ôf krije kin.
En takomme wike sil ik nei Lilan ta, byprate mei har en de oaren fan de húshâlding. Dêr ha ik sin oan!
- 26 januari 2019
Noch ien kear ‘De Bonsterkes’
26 januari 2019Noch ien kear ‘De Bonsterkes’
Wy, Linda de Haan en ik, krigen in útnûging fan de Sint Lukasskoalle yn Drachten. Oft wy yn it ramt fan de Fryske wike(n) fertelle en foarlêze woene oer en út ‘De Bonsterkes op ‘e terp’. Dat woene wy wol! De Schrijverscentrale regele alles en ôfrûne tongersdei setten wy dy kant út.
Moarns betiid wie Linda al op skoalle om in lytse tentoanstelling fan har wurk del te lizzen en op te hingjen. As de bern ûnderweis wiene nei de grutte hal dêr’t wy sieten te fertellen, koene se fuort sjen wat se allegear makke hie: de tekeningen fan Gers op it dak en Ha, in ein (beide fan de Sweltsjerige foar begjinnende lêzers), har wurk fan Fratsen foar de Omrop en wat se foar De Bonsterkes makke.
Op it poadium stiene in noflike stoel en in sitblok klear en fansels de útfanhuzersdoazen mei it spoek dat yn it boek foarkomt, de draak en oare omballingen (attributen). Wy ûntfongen trije groepen, de middenbou, de ûnder- en de boppebou, meiïnoar 375 bern! Dat griisde ús fan tefoaren al wat oan, mar de bern wiene múskestil as wy fertelden en foarliezen út De Bonsterkes. Foar de boppebou fûnen wy dat wat te maklik en ha ik ferteld oer Wês net bang en de reis dy’t Lilan makke nei Nederlân. Dêr wiene de bern o sa fan ûnder de yndruk.
Ut alle groepen krigen wy fragen. Hoe’t dat no siet mei de fantasy, wannear oft de ynspiraasje kaam en wat as dy op him wachtsje liet, oft Linda en ik oerlis hiene en oft we inoar al kenden, hoe âld ik wie (stokâld!) en hoelang as skriuwers trochskriuwe koene. Ik fertelde dat ik noch lang de âldste skriuwer net bin, dat Dolf Verroen al 90 is en alle jierren ien of mear boeken útbringt! Oooohhh!
It wie in prachtige moarn en dat fûnen Linda en ik net allinnich, nei dy tiid stapten guon juffen efkes út de klasse om te fertellen hoe’t se genoaten hiene. Middeis krigen wy in mailtsje fan de organisaasjejuf dat se allegearre o sa te sprekken wiene en dat de bern graach witte woene hoe’t it fierder gie mei De Bonsterkes. Foar de boppebou wurde Heksegrytta en Wês net bang oantúgd.
Foar my wie dit foarlopich de lêste kear dat ik de hort op gie. Woansdei sil ik de twadde nije heup krije en dan moat ik wer revalidearje en oan de kondysje wurkje. Om it mysels sa oangenaam mooglik te meitsjen – de tip fan de fysio is dat nije ûnderdielen net allinnich trening mar ek rêst nedich ha – sparre ik de lêste moannen boeken op. Der leit in knap steapeltsje op my te wachtsjen, dat it kin om my wol oangean.
- 26 oktober 2018
Aksjewiken foar bern
26 oktober 2018Aksjewiken foar bern
Wy giene op stap, Linda de Haan en ik, en wy reizgen trije wiken lang de skoallen by del. Fan Dokkum oant Reduzum, fan Paesens oant Burgum, nei Ljouwert en nei Hallum. Linda klaaide it lokaal oan, faak it gymlokaal fan de beukers, ik soarge foar in stoel, en as de bern kamen, wiene wy der klear foar.
Net ien kear hiene wy wat dúdliks ôfpraten, dat wol sizze wy ha dat ien kear besocht, mar it gie finaal oars, dus dat hie gjin sin en wy lieten spontaan barre wat barde. De iene kear begûnen de bern daliks te freegjen: ‘Wat is dat? Wêrom is dat?’ Dat wiene de fragen oer Linda har atrributen, want se kin net allinnich moai yllustrearje, se nifelet ek omraak.
As wy foarliezen, wie it ek noait itselde. Soms liezen wy om bar in alinea, soms lies de iene de tuskentekst en de oare wat der sein waard en soms oarsom. It gie samar, fansels, as giene wy al jierren tegearre op in paad. Wy hiene it nei it sin en fermakken ús ta de teannen út. Soms bejûch myn stim it en dan fertelde Linda wat mear en lies se wat mear foar, al koe ik it meastal net litte om mei in ‘swiere shagtrochsmoke stim’ myn sechje te dwaan.
De bern op de skoallen wiene ek allegear oars: yn Ljouwert hiene wy groepen mei in protte kleurde bern, dy’t gjin Frysk praten, mar wy koene Nederlânsk, dus gjin probleem. Dat wie de kear dat Linda fertelde dat ik as bern it lêzen en skriuwen earst yn it Frysk leard hie. Doe krigen wy it oer meartalichheid. Wy fregen wa’t thús noch in oare taal praten, de measten, en doe’t ik fertelde datst dan in fin mear hast as in bears, omdatst dy yn mear as ien taal uterje kinst, begûnen de eagen te glânzjen. Se hiene net in probleem, se hiene wat ekstra’s! Yn de lessen yn de stêd krigen wy de measte fragen. ‘Mevrouw, mag ik u wat vragen?’ Achterinoar troch, wy kamen amper oan foarlêzen ta.
Wy begûnen ek hieltyd faker oer inoar te fertellen. Sa as Linda oer myn twataligens en dat ik mysels as bern it Nederlânsk lêzen oanlearde; as ik geduld hân hie, hie ik it fansels yn de twadde klasse leard! En ik fertelde dat Linda it mier hie oan it tekenjen fan skuon, mar it draakje dat op de avenearskuon stie folle moaier wie om te meitsjen!
De bern seine tsjin Linda: ‘Linda liket wol in keunstner!’ En de lêste groep frege oan ús: ‘Soene jim de Gouden Griffel winne wolle?’
- 3 oktober 2018
Berneboeketiid 2018
3 oktober 2018Berneboeketiid 2018
It Aksjeboek foar bern 2018 leit yn de winkels!
Sneon 29 septimber wie it de Aksjedei fan Linda en mij. We begûnen moarns om 9 oere by Op en Ut fan Omrop Fryslân om te fertellen oer ús boek. Dêrnei koene wy werom nei hûs, want de presintaasje soe pas om 15.00 oere wêze. Tsjin de tiid dat wy werom kamen, wie it prachtich waar wurden. In protte minsken wiene der op út yn Ljouwert, alle parkeargaraazjes stiene fol, en gelokkich wiene der ek aardich wat minsken ôfkaam op ús presintaasje.
Wy stelden inoar fragen sadat de gasten in idee hiene hoe’t wy te wurk gien wiene, ik lies in eintsje foar en doe wie it tiid foar de 7 Bonsterkes – dy’t elk in eksimplaar krigen fan De Bonsterkes op ‘e terp – om nei foaren te kommen. Wa wiene dy Bonsterkes dan?
It wiene myn 5 bernsbern en de beide jonkjes fan de broer fan myn skoansoan, dy’t Bons fan de achternamme hite. Want dêr kaam de ynspiraasje foar de Bonsterkes wei. De bern binne skatten, mar ek gauris Monsterkes!
Doe’t de bern harren boek hiene, koene gasten dy’t dat woene in boek keapje en Linda en ik sieten monsterachtich te sinjearen. It wie in hiel gesellige middei, mei positive reaksjes!
No is de echte Aksjemoanne begûn en geane Linda en ik, en soms Linda allinnich, nei skoallen ta om oer it boek te fertellen, foar te lêzen en der oer te wurkjen. Ek al om’t wy dat tegearre dogge, is it gjin straf want wy dogge it mei nocht!
- 9 september 2018
Aksjeboek foar bern 2018
9 september 2018Aksjeboek foar bern 2018
It Aksjeboek foar bern komt der oan! Op 29 septimber, middeis om trije oere, is de presintaasje yn MeM, it Talepaviljoen yn de Prinsetún te Ljouwert. Linda de Haan, dy’t de prachtige, fleurige yllustraasjes makke, en ik sille derfoar soargje dat jim jim net ferfele. Heiten, memmen, pakes, beppes, omkes, tantes, masters, juffen en fansels bern, binne fan herte wolkom!
Nei de presintaasje is it boek te keap foar € 4,95. Mei in krabbel fan Linda en mij!
Wêr giet it boek oer en foar hokker leeftiid is it skreaun?
It boek giet oer de Joery en Nine Bonsma dy’t krekt ferhúze binne fan de stêd nei it doarp. Se wenje no mei heit en mem nêst pake en beppe. Gesellich, allegear Bonsterkes op ‘e terp! De bern moatte earst wol wat wenne. Nine hat al gau in freondintsje, mar Joery net. Soe dat feroarje as er nije skuon kriget? De hiel bysûndere avensearskuon?
De Bonsterkes is in foarlêsboek foar bern fan 4 jier ôf. Bern fan groep 4/5 kinne de ferhalen sels lêze. It tema fan de Berneboekewike is freonskip en dêr giet dit boek ek oer.
De Bonsterkes is útjûn troch Bornmeer.
Skoallen en biblioteken
Linda en ik wolle graach oer ús boek fertelle, foarlêze en der oer wurkje. It handichst is om dat fia de Schrijverscentrale te dwaan; dat foarkomt dûbele ôfspraken. Wy hawwe der sin oan! Jimme ek?
Mear oer De Bonsterkes: hjir.