Ynkoarten: It Ferbeane Boek (1)
De wike nei Sinteklaas komt myn nije berneboek út: It Ferbeane Boek. Oer Fedde fan 8 dy’t noch altyd net lêst. Hoe kaam ik der by om dat te skriuwen?
Fan 2015 oant begjin 2018 wie ik skoalskriuwer op ferskate plakken yn Fryslân. Yn ús provinsje wurken de skoalskriuwers, wy wiene hjir op in stuit mei 10, twatalich. In lyts healjier gie in berneboekeskriuwer nei in skoalle ta om mei trije klassen, tiim en âlden te wurkjen oan lêzen en skriuwen en taal. Net fia de gewoane lesboekjes, mar op in manier dy’t dy skoalskriuwer en de skoalle belangryk fûnen. Mear oer de skoalskriuwer op De Schoolschrijver, de Stichting út Amsterdam dy’t bern taalsterk meitsje wol.
Ik fûn it geweldich om te dwaan, om te wurkjen mei myn beide leafdes, skriuwen en ûnderwiis. Trettjin lessen jûch ik, oer lêzen: grappige boeken, spannende boeken, yndrukwekkende boeken. Ut in kiste fol boeken koene de bern mar kieze en hiene wy it der oer. En wy skreaunen. Oer de sinnen (sintugen), oer spannend skriuwe, oer begjin en ein, knutselmearkes en oer wat net. Om in foarbyld te jaan lies ik dy iene klasse, de bern sitte no al op it fuortset ûnderwiis, in stikje foar fan in ferhaal dat ik oan it skriuwen wie. Dat waard it begjin fan dit boek.
Der kamen oare boeken en oare saken tusken, mar yn myn holle wist ik dat ik fan dit begjin in boek skriuwe woe. Nei ‘Heksegrytta’, dat yn 2017 útkaam, bin ik deroan begûn. It ferhaal gie gauris mei my op ’e loop, dat hie ik wol yn ’e gaten, want de drokke holle fan dizze skriuwster wist net altyd krekt wannear’t se ophâlde moast of krekt noch efkes fierder gean koe. Gelokkich tocht de útjouwer mei en krige ik, doe’t ik myn aai lein hie, stipe fan in redakteur. In redakteur besjocht dyn wearloaze bleate berntsje kritysk en mei leafde, en tegearre bepopken wy it ferhaal oant it ús beide nei it sin wie. De tredde fee wie de yllustratrise, dy’t prachtige tekeningen derby tsjoende: Monique Beijer.
No is it by de drukker en 8 desimber leit it yn ’e winkel. Oare wike mear!