Op nei 2020!

Op nei 2020!

Op nei 2020!

Noch ien kear omsjen, nei it ôfrûne jier en desennium.

Mei 2019 bin ik gau klear, dat wie it jier fan de renovaasje. In nije heup, mei as ekstraatsje in knibbel en om it ôf te meitsjen in knibbel yn ‘e wacht. It betsjut * trene om in goede kondysje foar de operaasje te krijen, dêrnei opknappe, revalidearje en op ‘e nij begjinne by it stjerke. It betsjut ek dat it skriuwen op in leger pitsje kaam te stean, want revalidearjen freget in protte fan de holle. Dat der dochs noch ien boekje útkaam, Yn de rimboe, is mei te tankjen oan âldste beppesizzer Thijs, dy’t my op gleed holp by it twadde dieltsje fan Gers op it Dak.

Dat bringt my daliks op it foarbije desennium, de jierren dat ik beppe waard. Thijs wie de earste en hy krige der yn de jierren dêrnei ien suske en trije nichtsjes by. Fiif beppesizzers krige ik en wat binne it (meastal) poppen. Oppasse diene wy allinnich út en troch, want dizze beppe hie it drok, mei wurk en mei skriuwen. Hoewol’t ik it op Piter Jelles nei it sin hie, naam ik dochs ûntslach om earder mei pinsjoen te gean. Net om achter geraniums te sitten mar om te dwaan wat ik it leafst doch: skriuwe en deroer fertelle. Mei om’t Marijke, myn suster, kaam te ferstjerren en ik oan har fernaam hie dat der safolle wie dat se meimeitsje wold hie, naam ik dat beslút. It libben kin sa dien wêze en en as der wat te kiezen falt, meitsje der dan fan watstó wolst. It gemis fan har kaam hurd oan, no bin ik noch de ienige fan it De Jongenêst. Sa skode ik op yn de generaasjes en waard ik in soarte fan stammem.

Yn deselde tiid krige ik in Syryske pleechdochter Lilan en mei har mem as in Syrysk suske Rania. Ik skreau in boek oer Lilan en wy hâlde kontakt, ek no’t har âlden en broers hjir wenje. Wat in rykdom, dizze nije famylje!

Der wiene noch twa redens om my op it skriuwen te stoarten, ik mocht in pear jier Skoalskriuwer wêze en ik wûn twa kear de Simke Kloostermanpriis. Soks stimulearret behoarlik! Mar de lea lei wer geregeld dwers, ik moast yn 2018 ta myn grutte fertriet ôfskie nimme fan de Skoalskriuwer. Ik die it sa graach en de bern en de skoallen wiene entûsjast! Ik wie werom by myn woartels, it ûnderwiis!

No laket in nij desennium my ta. Ik hoopje dat ik no einlings it boek doar te skriuwen dat my al rom fyftjjin jier pleaget, it boek dêr’t ik o sa foar op de teannen stean moat. As ik it no net doch, wurdt it him net mear. It ôfrûne jier ha ik in boek skreaun dat ik net ferwachte hie fan mysels om de foarm (mar miskien fynt de lêzer it neat, dat moat ik noch ôwachtsje), dus wêrom dat oare net? As it mislearret, ha ik it yn alle gefallen besocht!

De lêste dagen fan it jier sitte wy op in rêstich plakje dêr’t wy de fjoerwurkknallen allinnich fan hiel fier hearre. Luca is sa bang foar it geknal, en hjir hat er it o sa nei it sin. As de baas him útlit, rûkt er mûzen en mollen en as er dan werom komt, ha wy der de hiele dei gjin hûn oan. En hjir, yn dizze rêst, bin ik krekt wer oan in boek begûn. Net DAT boek, mar der kaam in opdracht tusken mei in deadline. En wa’t my ken, wit dat ik gek op deadlines bin!

Foar jimme fêst in noflik útein en de bêste winsken foar 2020!