Lytse mienskip
‘Joehoe!’
Ik sit yn myn sjalet mei de laptop op ‘e skoat te wurkjen. Kin sa gau net oereinkomme, dat ik rop: ‘Ik bin hjir!’ Oan it lûd hearde ik dat it myn campingbuorfrou is. Al 20 jier!
Se komt der net yn mar seit: ‘Ik miende dat ik dy roppen hearde, en ik tocht: efkes sjen oft alles ynoarder is.’
‘Poerbêst Anny!’
‘Dan gean ik wer. Hoihoi!’
Buorfrou set ôf en ik oertink hoe moai dit is. Ik sit oan in fjildsje tsjin de bosk oan. De measten ha hjir al jierren in steancaravan of in sjalet, by guon is it sels oergien fan generaasje op generaasje. It is as in strjitsje yn in doarp: elk ken inoar en groetet inoar. Oan ‘e ein fan it campingseizoen fûstkje wy ôf en oan it begjin, yn it foarjier, prate wy by. Winters is der net of amper kontakt, behalve as der ien stoarn is. Dan komt elk dy’t tiid frijmeitsje kin nei it lêste ôfskied.
Dochs libje wy net by inoar lâns. Sûnder dat wy lêst fan inoar ha, witte wy dat wy op inoar lette. De widdowfrou dy’t sûnt har man ferstoar dochs de wykeinen paraat is, kriget gauris ien foar in praatsje. Har oerbuorlju dogge gauris in hântaast foar har, dat diene se ek doe’t har man noch libbe. As ik ris earne mei sit dat myn macht en kracht te boppen giet, wit ik dat ik by dyselde oerbuorlju altyd oanklopje mei. Myn eigen buorlju en ik sitte ûngefear yn itselde skip: wy wolle fan alles, mar de lea stiet in protte net ta. Dochs passe wy ek op inoar, want wat de iene net kin, kin de oare wol. Of ik lien de lange tûkeknipper fan buorman sadat ik mysels wer rêde kin en myn man meant soms by harren it gers. It binne lytse dingen, mar soks makket in mienskip ta wat sy is.
Fierderop is it presys itselde wit ik fan ien dy’t dêr in steancaravan hat. Us fjildsje is in lytse mienskip dêr’t elk yn syn wearde bliuwt en syn gong gean kin, mar dy’t der foar in oar is as dy der ferlet fan hat. De camping is de gruttere mienskip, dy’t út sokke lytse mienskipkes bestiet.
Al kom ik al 20 jier op dizze camping, ik sil net bekend stean as de meast sosjale gast, dy’t geregeld nei kaart- en bingojûnen giet en dielnimt oan fytstochten en oar fermaak. Ik kom hjir om te skriuwen of te oertinken, meitsje ris in kuierke, in fytstochtsje en in praatsje. Minsken kenne my en witte dat en litte my gewurde. Ik fan myn kant lear noch altyd nije minsken kennen. Hieltyd mear fernim ik dat ik, nettsjinsteande myn ôfwêzigens by feestjes, myn eigen rol ha. De skriuwster dy’t der wat bûtenstiet mar dochs ûnderdiel fan it gehiel is. Op de foto kinst sjen dat myn (moaiste stikje fan de camping!) plak presys by my heart: wat yn it hoekje (fjirde links achteroan), dêr’t ik alles oereagje kin, mar dochs diel fan it gehiel bin. Ik hoopje hjir noch in protte boeken te skriuwen. En soms, mei buorfrou Anny en de oare froulju fan ús fjildsje, nei in bingojûn te gean. Bingo skynt o sa goed te wêzen foar it geheugen en dus noch goed foar it skriuwen ek!