Korona: is It Ferbeane Boek ferbean?
Dit jier hat foar my twa boeken opsmiten: ‘Sis my wa’t ik bin’ en ‘It Ferbeane Boek’. In geweldich jier, soe’st sizze. Mar nee, beide boeken kamen út yn de tiid dat it lân op slot wie. ‘Sis my wa’t ik bin’ hie presintearre wurde sild op 15 april, de Fryske befrijingsdei. En yn de wike dat ‘It Ferbeane Boek’ útkaam, gie de boel wer ticht. Om dy de triennen út de kop te janken, ek al om’t ik net sa’n rappe skriuwer bin.
It is sa’t it is, wy binne mei in soad dy’t der krekt sa foar stean of minder. Mar… wolst noch in moai boek ha yn de krystfakânsje, de lockdown, de wintersliep of ast earne yn ‘e wacht sitst, dan kinst ien fan dy boeken fansels bestelle. Der binne boekhannels dy’t besoargje – op ‘e fyts of mei de post, stypje harren. Bestel tillefoanysk of fia de webside. Fia de útjouwer kin it ek. Lit dy (en de bern as dy der binne) ferrasse.
Lês it jier út of begjin dermei. Want wat der ek ferbean is, It Ferbeane boek net!
https://www.bornmeer.nl/winkel/it-ferbeane-boek/