Fjouwer moanne lyn

Fjouwer moanne lyn

Fjouwer moanne lyn

Moarn is it 4 moanne lyn. Noch mar en ál fjouwer moanne lyn. Stapke foar stapke reorganisearje ik myn libben. Juster wer nei de fysio west. Earst mar wat testen. Hy foel noch krekt net flau fan de risseltaten. Oare wike in rintest en rinnen ha ik nedich, foar Luca, as it moai waar wurdt. Mar dy longen!

Hjoed foar it earst nei Ljouwert riden om twa jierdeis te fieren. Trije kertier op besite west, doe waard it my te drok. Mei it nije autoke wurd ik al aardich freondinnen.

Al giet der in protte better, ien ding bliuwt: de ûnrêst. Noch gjin konsintraasje om te lêzen, lit stean te skriuwen.

Oant foar koart ferbaasde ik my dat ik net dreamde, mar no begjinne se te kommen. Lytse fariaasjes op in tema: wy binne ergens tegearre, ik sis: ‘Sjoch Johan, dêr is dy en dy. Efkes derhinne.’ Ik draai my om en hy is der net mear. Oplost.