De Skoalskriuwer: it giet oan!

De Skoalskriuwer: it giet oan!

De Skoalskriuwer: it giet oan!

Deinum 1

Dizze wike wie it safier, de start fan De Skoalskriuwer. Oeral yn it lân waarden se ferwolkomme, sa ek yn Fryslân. Foar my begûn it moandei de 25ste jannewaris. Ik waard om in oere as healwei alven ferwachte yn Deinum. Dêr soene de learlingen my fan de trein helje. Mar foardat it safier wie!

De learkrachten fan Deinum hiene betocht dat ik wol yn in boekerok komme koe. Mei in hoed derby soe dat grif bysûnder feestlik wêze. Ik krige in grabbelrok mei, geskikt foar lytse pakjes en dêr koene sûnder mis boeken yn. Thús ha ik hiel wat boeken past, mar der wiene mar in pear lyts genôch. Dus mei toarnmeske en nulle oan de slach, in naaister ynhierd foar de hoed dy’t ooptúgd wurde moast mei in voile en in cape fan souder helle. Op de cape soene omslaggen fan myn boeken komme.

Yn myn nije bedriuwsklean wachte ik op de trein nei Deinum. Foardat ik ynstappe koe, waaiden de earste omslachjes fan de cape. Myn man frege by de notaris oan de oare kant fan de dyk oft se lym hiene, mar nee. Wol nytsjes. Yn de trein wie in frommiske sa aardich om de omslachjes der mei oprôle stikkerkes wer op te plakken. Gelokkich waard ik net keard troch in kondukteur dy’t tocht dat ik miskien in bomboekerok oan hie, dus de reis, twa stations fierderop, gie flot.

Yn Deinum stie in grut part fan de learlingen fan Twaspan my op te wachtsjen. Twa man fan Omrop Fryslân filmen it hiele feest. It soe yn Hjoed komme, mar it waard in filmke op de webside. Sjoch hjir.

De learkrachten en bern setten my op in feestlike stoel mei in ljedder der ûnder en op dizze ‘draachstoel’ waard ik it doarp yntôge. Yn skoalle stiene de stuoltsjes foar alle bern al klear. Doe wie it tiid om te sjen wa’t no achter dy voile siet! Wol de echte Skoalskriuwer foar it ljocht komme. En ja! Ik krige de sjerp om fan De Schoolschrijver, dat gong wat bryk, want hy hong op de kop en sa wie ik de ienige dy’t goed lêze koe dat der Schoolschrijver op stie!

Ik fertelde wat we dwaan soene de kommende wiken en lies it begjin fan in ferhaal foar dat ik oan it skriuwen bin. Alle bern harken mei sân pear earen en woene yn de klas daliks mei de priisfraach te set! As ik tocht hie dat de lytskes benaud wêze soene foar dy boeke-keninginne dan hie ik it mis; doe’t alles ôfrûn wie, stoarmen der in pear beukers op my ôf dy’t de earms om my en myn rok hinne sloegen.

Woansdei de 27ste jannewaris krige ik al wer in waarm wolkom. Dit kear yn Minnertsgea op De Wizebeam. De fyts fan juf stie yn skoalle klear want bûten raasde en tjirge de wyn. Mei de fyts oan ‘e hân kuiere ik nei it kleuterlokaal, dêr’t de bern al klear sieten. Mei in fytsbelleliet fan de ûnderbou, in sels knutsele brievebus, in kollaazje, in sels betocht tegeltsje en in djipte-ynterview troch de learlingen fan groep 7 en 8 waard it in prachtich feest. Behalve learkrachten en bern wiene ek âlden oanwêzich. Moai sa, dy ha in belangrike rol!

Nei it programma yn it kleuterlokaal ferhuzen we nei de hal, dêr’t memmen in prachtig hoekje foar my makke hiene. De wethâlder fan ûnderwiis knipte it lint troch om it smûke Skriuwershonk te iepenjen dat letter noch fierder oanklaaid waard mei de attributen dy’t de learlingen makke hiene. Foar de sjerp is der in kapstok delhong. Om’t it al moai lang duorre hie, giene de bern fan de ûnderbou werom nei harren lokaal, de midden- en boppeboubern kamen nei in oar lokaal dêr’t ik it ferhaal foarlies. En ek al wie it yntusken skoft, se woene daliks oan de slach mei de priisfraach.

‘Ik wit twa antwurden, Hanneke,’ sei in jonge út groep 8. ‘Hartstikke moai, mar ik wol graach ien antwurd ha! Miskien moatst der in nachtsje oer sliepe,’ sei ik. ‘In skriuwer moat soms ek sinnen fuortdwaan om’t in oare better is!’

Wy binne los mei in dreech ûnderdiel fan it skriuwen: darlings kille. Dat kinne se net gau genôch leare!

12647402_818218301634131_5895800282360242023_n