De Skoalskriuwer: foar De Leafste!

De Skoalskriuwer: foar De Leafste!

 

De leafste 6

Dit jier ha ik foar it earst twa skoallen dêr’t ik kom as Skoalskriuwer. Fan te foaren tocht ik dat ik de boel administratyf sjoen wol ris trochinoar helje koe, mar dat falt ta. Ik hie ek tocht dat ik miskien op de ferkearde dei op de oare skoalle oansetten komme soe. Al dy prakkesaasjes hearre ta de kategory apen en bearen. It is pittich, mar it hat seker foardielen om oan twa skoallen te stean.

Der binne dagen dat it yn ien klasse net sa goed wol; ik sis miskien de ferkearde dingen, berik de bern net en der komt net út wat ik fan te foaren betocht hie. Dan binne der oare klassen dy’t de twifel oft ik it wol kin, fuortnimme. Om’t dêr ek reaksjes komme dy’t ik net foarsjoen hie, mar dy’t my ferrasse. De lessen dat ik it hiele oere genietsje en jubeljend thúskom. Dy’t meitsje dat ik lear hoe’t ik mei dy oare klasse better omgean kin.

De groep dêr’t ik wat tsjinoan seach wie de kombinaasje 3/4. De bern yn groep 4 lêze al, yn groep 3 binne se it oan it learen. En hoe moast dat dan mei skriuwen? Neam it in útdaging. En o, wat ferrasten dizze bern my dizze wike!

Ik wie sels ûnrêstich, fol fan it feit dat myn boek de Simke Kloostermanpriis wûn hie en ik dat net fertelle mocht. De lytsten fan de skoale begroetsje my alle kearen entûsjast en ha in protte te fertellen. Nei de earste lessen mei in protte foarlêzen, tekenjen en gedichten dellizze en opplakke fan al úttypte wurdsjes, wie it tiid om echt sels te skriuwen. De opdracht wie om in brief te skriuwen oan De leafste: heit en/of mem, broerke/suske, pake/beppe, in bist of in knuffel, it koe allegearre. Se giene daliks oan de slach, hoegden net lang nei te tinken oan wa’t se skriuwe soene. Oan in sike pake, oan de allerleafste juf, oan heiten, memmen, pakes, beppes, broerkes en suskes, alles kaam foarby. Se woene ek wol foarlêze, graach sels. Prachtich!

Letter op ‘e moarn fernaam ik dat ik it Simke Kloostermannijs fertelle mocht. Ik liet myn webside sjen, mei it blochje. Spontaan applaus fan de bern! En de fraach wat dat no opsmiet, sa’n priis. It antwurd koe harren wol bekoare: der binne aardich wat bern dy’t no ek skriuwer wurde wolle. Dat wurdt konkurrinsje, kollega’s!

 

De Leafste 1