De Skoalskriuwer: de boekekiste
It is hast safier, de start fan it nije trajekt fan De Skoalskriuwer. Dat wol sizze de start foar de learlingen, want Skoalskriuwers, learkrachten en bybmeiwurkers binne al lang oan ‘e gong. Springst net sa eefkes foar de klasse om in bytsje gesellich mei bern te lêzen en te skriuwen.
It earste dêr’t ik mei oan ‘e slach gie, wie it foljen fan de boekekiste. Elke groep dêr’t ik kom, kriget in krat mei 25 boeken dy’t se yn de klasse lêze meie. De boeken dêrfoar komme út de byb. Elke skriuwer makket syn of har eigen kar. Ik besykje it te ferdielen oer de folgjende soarten: printeboeken, maklik lêzen boeken, Fryske boeken en prachtige boeken. Dan sit der neffens my foar alle bern wat yn nei harren gading. Ik stopje der gjin Stilton-, Looser- of Mutsboeken yn, want dy lêze se meastal dochs wol. Ik fyn it belangryk dat bern in grut ferskaat oanrikt krije, sadat se sjogge hoe moai de boekewrâld is en dat der foar harren ek wat by sit. En fine se in boek absolút net moai, dan meie se nei in oantal siden ophâlde. Nei elk boek dat se lêzen ha, skriuwe se yn in boekelochboek wat se fan it boek fûnen. Om’t Leuk in neatsizzend wurd is, moatte se dat sa presys mooglik omskriuwe, ek as se in boek net moai fine. Soms witte se dat net sa goed nei de earste 10 siden en dan begjinne se fierder te lêzen, soms it hiele boek út.
Yn de klasse komt de Boekemeter te hingjen. Tank foar de tip Mindert Wynstra! Dêrop komt de stân fan de lêzen boeken te stean. As it in moai rûn getal is, krije se as beleanning in taalspultsje of in ferhaal oanbean.
Yn de lessen meitsje ik ek gebrûk fan de boekekiste. Lykas ferline jier wurkje ik it hiele trajekt mei in tema. Elke les hat syn ûnderdiel fan dat tema. As yn les 3 Famylje sintraal stiet, lês ik oan ;e ein fan Les 2 bygelyks foar út Mijn geweldige tovertante fan Dolf Verroen of út In nije heit fan Tys Wadman of Weg met de jongens fan mysels. De learkracht lêst dan de hiele wike stikjes foar út dat boek, sadat de bern hielendal klear binne foar de folgjende les. Foardiel is dat sawol bern as learkrachten in fprotte ferskillende soarten boeken presintearre krije!
De beide skoallen binne entûsjast oer dit twatalige trajekt. Want alles is twatalich, ek de posters, wurkmappen foar de bern en myn lessen. Dizze wike ha ik yn Deinum en Minnertsgea west om ôfspraken te meitsjen oer de start, in âlderjûn, in tuskenevaluaasje en noch folle mear. It is fantastysk om mei te meitsjen hoe’n sin as de learkrachten der oan ha, hoe’t se meitinke en op skitterjende ideeën komme. Dêr mei ik noch neat oer sizze, mar jim sille it lêze!