Simke Kloostermanpriis 2016
Boargemaster Gerbrandy fan Achtkarspelen belle foar de twadde kear. Ik wie net thús, myn man naam op. De boargemaster tocht dat er it myn man ek wol tafertrouwe koe. ‘Jo frou mei in spetterjend feest organisearje,’ wie it boadskip. ‘Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen is it winnende boek.’
Ik hie it net ferwachte. ‘Echt?’ frege ik. ‘Echt wier?’
It wie gjin grapke en stadichoan begriep ik it. Ik ha de Simke Kloostermanpriis wûn. Foar de twadde kear! Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen is it bêste Frysktalige berne/jeugdboek fan de ôfrûne trije jier! Ik waard bliid. En blider. En alderferskuorrendst bliid! Want dit boek betsjut in protte foar my. It boek dat oer in puberfamke giet dat net wit dat se ADHD hat. Har broerke blykt it wol te hawwen en dêr binne in protte problemen mei. Mei har net. Hoewol… der giet wol it ien en oar fout yn har libben.
Dizze wike hearde ik oer in famke fan 15 dat folslein mei harsels yn de knoop siet. Mem wie der sa mei oan dat se fûn dat it bern mar nei in tuchthûs moast. Styfmem naam mei it famke de papieren troch foar in ADHD-ûndersyk, sa as Marike yn it boek dat docht mei Peter, har broerke. De heit hie Trettjin dagen (yn de Nederlânske fersy) al oantúgd foar it famke, as kado.
Ik hâld net fan boeken mei in boadskip, mar se meie wol ergens oer gean. Dit boek giet ergens oer. En no hat it in priis. Ik bin bliid, foaral no’t ik it fertelle mei! De útrikking is op 20 maaie yn it tsjerkje fan Twizel.