Hjoed is it 70 jier lyn dat der in begjin makke waard mei de befrijing fan Fryslân. It begûn yn Mildam; oars hie ik it net witten, mar wy wiene hjoed om in bakje by sweager dy’t dêr wennet. De flaggen, Kandadeeske, Mildamer, Fryske en Nederlânske, wapperen oan ‘e huzen en by it tsjerkje.
Ik hie noait sa’n fassinaasje foar de oarloch. As wy yn myn bernetiid troch de Gaasterlânske bosken fytsten, koe heit hiel spannend fertelle oer syn tiid as ûnderdûker. Wy wisten presys wêr’t er sitten hie, yn in gat yn ‘e grûn, earne oan de râne fan de bosk, healwei in heuveltsje. Dat er in kear steande holden waard troch de Dútsers: in sûne jongeman op in fyts mei bannen, dat koe net doge. Hoe’t er oan ‘e ein fan de oarloch ús mem kennen learde dy’t út Amsterdam wei achter it loket fan it distribúsjekantoar kaam te sitten.
Hjoed krige ik in, goed bewarre, mapke mei oarlochspapieren fan ús heit yn hannen. Mei persoansbewiis, falsk persoansbewiis, in pear hanfollen distribúsjebonnen en dokuminten dêr’t er yn oanfitere waard him te melden om nei Dútslân te gean. Hy waard begjin 1944 yn Bremen ferwachte. Op It Hearrenfean wie, oan de papieren te sjen, in tige warbere amtner dy’t him dêrmei dwaande hold. Ik hie gjin weet fan dit mapke, lit stean fan it briefke dat hjirby stiet.
Lit de linkerhân net witte wat de rjochter docht, sa wie ús heit.