Nije Sweltsjes fleane út yn ‘e hjerst!
Der soe in nije rige Sweltsjes ferskine en ik mocht ek wer ien ôfleverje. De deadline wie 1 april en dat wie gjin mop. It waard noch minder in mop doe’t 1 april tichterby kaam en yn myn holle gjin inkeld idee opkaam. In holle dy’t krekt altyd fol ideeën siet! De reden wie my wol bekend: ik hie ein jannewaris wer in nije heup krigen en it revalidearjen en opknappen frege alle tiid en enerzjy. En sa te fernimmen ek myn gedachten. Dêr hat in útjouwer lykwols neat oan en ik ek net, dus moast ik der wat op betinke.
Aldste soan belle oft de húshâlding del komme koe om in bakje kofje. Fansels, altyd wolkom en soe Thijs, âldste beppesizzer, miskien beppe helpe wolle? Dat woe Thijs wol en doe’t se by ús wiene lei ik it probleem út: in nij sweltsje, leafst in ferfolch op Gers op it dak en in folslein lege holle.
‘Mei ik deroer netinke, beppe?’
‘Ja, fansels. Miskien kinst belje ast wat witst.’
Tiisdeis belle er. ‘Beppe, dat gers op it dak, dat witte wy wol. Mar as der no ris in jonkje op besite komt dat mei Eef giet te boartsjen yn it park of de bosk nêst harren hiem. Dat jonkje hyt…’
‘Ho mar, ik wit it al!’
Ik moast gewoan wat fierder sjen as it dak; fjirtjin dagen letter wie it klear. Tankewol Thijs!
Ferline wike wie it safier dat de twadde rige Sweltsjes útfleach. Op basisskoalle De Wielen yn Ljouwert kamen skriuwers, tekenaressen en útjouwer byinoar foar de presintaasje. Groep 4 en 5 en sterkste man fan Fryslân Wout Zijlstra wiene te gast. Eins wiene wy fansels allegearre te gast, mar oaninoarprater en skriuwer Jelle Bangma naam it heft al gau yn hannen.
De iene skriuwer fertelde wat oer har/syn boek en lies in eintsje foar, de oare skriuwer fertelde oer de gearwurking mei de yllustrator en fansels kamen de tekenaressen sels ek oan it wurd. De pakesizzer fan Jelle, dy’t dêr op skoalle siet, lies in eintsje foar út it boek fan syn pake: Wouter wol de sterkste wêze. De sterkste man fan Fryslân liet sjen wa’t echt de sterkste wie. Hy goaide mei gemak in juf yn ’e loft!
De bern fan skoalle harken mei sân pear earen en alle skriuwers hoopje dat se de boeken ek mei sân pear eagen lêze sille. It wie moai om te dwaan. No wol ik fuort wer mei in folgjend boek te set, foardat der noch in nij helpstik (2 heupen en 1/2 knibbel ha ik al) yn setten wurde moat. Want ja, der moat (hooplik ta beslút) noch in hiele knibbel yn, mar dat komt as ik wer folslein opknapt bin. Earst in protte oefenje, trene en skriuwe. Ideeën binne der wer genôch. Wat presys? Dat sis ik pas as it folgjende boek tusken de kaften en op dizze side stiet.
De fleurige yllustraasjes binne, lykas by Gers op it dak, fan Linda de Haan. Moai no?