Lêspromoasje: boek in skriuwer!

Lêspromoasje: boek in skriuwer!

Lêspromoasje:

boek in skriuwer!

 

 

No’t de skoallen wer los binne en ik begjin op te knappen nei 4 operaasjes (nije knibbels en heupen) kin ik op skoallen en biblioteken fertelle oer myn boeken. Bij De Schrijverscentrale kinst my boeke om op skoalle te kommen of digitaal, dat kin ek! Ik sil graach al myn skriuwersgeheimen diele, in workshop jaan, fertelle en foarlêze.

 

Foar de groepen 3 en 4 kin ik fertelle oer De Bonsterkes op ‘e terp, Gers op it dak en Yn de rimboe.

 

 

 

Foar groep 5 en 6, 7 en 8 is krekt yn 2020 it spannende It Ferbeane Boek útkaam. Tinkst dat lêzen saai is? Fedde, de haadpersoan fan It Ferbeane Boek, wit, en do ek as’t it boek út hast, dat dat net wier is. Lêze is spannend en grappich en moai! In echt lêsaventoer!

Foar groep 7 en 8 ha ik ferline jier yn ferbân mei 75 jier frijheid Sis my wa’t ik bin skreaun. It giet oer in Joadske jonge dy’t pas op syn 13de heart dat syn âlden net syn biologyske âlden binne. Dan stiet syn libben op ‘e kop.

Heksegrytta is in hiel oar boek mei fantasije dat giet oer pesten, freonskip en oars wêzen. Oer beide boeken falt in soad te fertellen en meist my it himd fan it gat freegje.