It is der: It Ferbeane Boek!

It is der: It Ferbeane Boek!

It is der: It Ferbeane Boek!

 

Foar in skriuwer is it altyd in momintsje; it doaske of de doaze, dat hinget fan de dikte fan it boek ôf, leit stiif ticht foar dy op ‘e tafel. En al witst wat deryn sit, dochs hast wat fan spanning by dy. Hoe sil it der yn it echt útsjen? Bist tefreden of sjochst fuort op it omslach in loeier fan in flater stean? Hoe tûkt it, hoe fielt it?

Do setst it mes deryn, yn de doaze fansels, en efkes letter hast it yn hannen. Dyn boek. It Ferbeane Boek! Sjochst dat it tafallich echte krystkleuren hat, read mei grien. Dat docht it goed ûnder de krystbeam!

Mei dit boek silst grif noflike krystdagen ha, en spannende en mei humor. Lês it, lês foar, oan bern, skoalbern, bernsbern, oan dysels!

It leit no yn ‘e winkel! En sa net, bestel it dan, oant yn alle boekhannels yn Fryslân dit boek keapsjoch leit te wêzen. In protte wille dermei en Noflike Feestdagen!