Einlings: fakânsje!
Nei in lange wurksimmer, dêroer letter oait ris mear, levere ik de manuskripten yn dy’t ik dwaan woe en koe ik op fakânsje. Al jierren gean ik mei skoansus op stap, om’t de man, rêchtechnysk sjoen, net fierder komt as Drinte of Texel. Hy past leaver op hûn en hurd.
Let op de sneontemiddei kamen we oan yn Bretagne, dêr’t ik in húske hierd hie. It is in húske fan Nederlânske eigners dy’t mei oaren in ekoparkje hawwe mei in stik as wat tige ferantwurde húskes. Wy waarden ferwolkomme troch de frou dy’t it netsjes en skjin hâldt, en skjin is it! Se liet ús der yn en de gjalpen wiene net fan de loft. Wat grut! Wat moai! Wat in keuken! Twa badkeamers! Wy learden dat eko net krap en sunich hoegde te wêzen. De bêden wiene opmakke en dêr makke ik fuort gebrûk fan, ynein fan de lange reis. We hiene ûnderweis de alderneedsaaklikste boadskippen dien om’t ik miende dat yn Frankryk op snein de supers ek in part fan de snein iepen wiene. Foar jûns wie in brochje genôch.
De sneintemoarn fleach foarby, mei allegearre moaie ûntdekkingen yn en om it hûs en wy soene te boadskipjen. Skoansus frege foar de wissichheid in buorfrou/eigenaresse en dy fertelde dat wy krekt te let wiene, yn Frankryk binne de winkels sneintemoarns iepen. En op iten hoegden we ek net te rekkenjen, tsjin de tiid dat wy by in fatsoenlike ytgelegenheid wiene, kamen wy der net mear yn. Dêrfoar moasten wy te fier ride, sei se.
En sa begûnen wy de fakânsje mei in biddelronde: fan de iene buorfrou krigen wy ôfbakbroadsjes, bio fansels, en fan de oare bio-aaien, in pot sop, slaad en tomaten. Dochs giene wy op sjou om in yttinte, it makke ús net sa folle út wêr, wat en hoe, as it mar waarm wie! Wy rieden en rieden, nergens wie de oantsjutting fan in restaurant te sjen, heechút fan in bar dy’t sletten wie. De snein is famyljedei, hiene de dames al ferteld.
Mar dochs! Wy rieden foarby in bar dy’t iepen wie, der fris útseach en dêr’t minsken wiene. ‘Ho! Stop!’ rôp ik en skoansus skeat nei de kant. De auto parkeard en op nei de Bar. It wie, yn ús eagen, in kafetaria, de minsken wiene freonlik en behelpsum en setten ús al gau in hearlike plat du jour foar. In oerke letter koene we werom nei ús hûs. Jûns ieten wy fan de ôfbakbôle, de oare moarn ek en sa, mei tank oan de dames fan de oare húskes, ha wy it earste wykein oerlibbe.
De restaurants, dêr’t wy eins hinne moasten, wiene de saneamde ‘betere restaurants’ dêr’st reservearje moatst en dêr’st mear as 50 km. foar ride moatst. Oan de kust, grif, en wy sitte yn it binnenlân. As wy ris yn dy hoeke komme, dan is dat bêst, al sille wy der net foar reservearje. Wy nimme graach genoegen mei minder, want lekker is it dochs wol. Mar meastal komme wy amper de doar út, sa genietsje wy fan alles. Nachts brâne der gjin lampen bûten, want dat is net eko mar ljochtfersmoarging, en dus binne de nachten hjir donker, yn en yn swart, op in inkele stjer nei. Ta rêst komme slagget grif yn dit geweldige hûs en syn omjouwing.