Wike 3
De man dy’t my belle, wie de direkteur fan lokaasje Haydnstrjitte fan OSG Slauerhoff. Hy frege oft it my wat like om dêr de lessen Frysk te jaan oan de earste klassen. Fansels! Fantastysk! Nei in peatear mei de direkteur, melde in direkteur fan in oare lokaasje him: hy woe ek wol in dosinte mei in Frysk foech. Dêrnei kamen der noch twa en nei dy simmerfakânsje hie ik 14 earste klassen mei pubers dy’t o sa’n ferlet fan Frysk hiene. It punt wie faak dat se dat sels net wisten…
De jierren dêrnei wiene pittich. Elke lokaasje hie syn eigen wize fan lesjaan, fan ‘gewoan’ oant it begjin fan Montessori. As ik op de iene skoalle wie, miste ik de gearkomsten fan de oare lokaasjes. Ik wie in soarte fan lokaasjeswalker, oeral en nergens thús. Alle nammen dy’t ik ûnthâlde moast, fan kollega’s mar foaral fan bern! Al dy ademleaze kopkes dy’t alle wiken op my wachten! Se groeiden sa hurd, wiene de iene moanne noch in basisskoallebern en de oare moanne in folsleine puber. Ik wit net oft sijen in protte learden, mar ik wol! Ik krige hieltyd mear aardichheid oan it lesjaan oan dizze leeftyd. Nei in pear jier krige ik oeren foar twadde klassen en dêrnei foar tredde klassen. Dêr koene se foar it Afûk A diploma gean. De measten slagge en wat wie ik grutsk!
Privee wiene it de ‘sandwichjierren’, mei de soarch foar trije puberbern en âlder wurdende âlden. Heit dy’t opereard wurde moast oan kielkanker wylst thús myn man wachte op de folgjende hernia-operaasje. It wiene tropejierren dy’t nettsjinsteande de freugde fan it útkommen fan berneboeken en myn earste jeugdroman, ek yn it Nederlânsk, dreech wiene. De lea bejoech it en hieltyd faker rekke ik siik oant it net mear gie. Der waarden ferfangers foar my socht. Wylst ik thús siet, waard de skoalle grutter. Slauerhoff gie, Piter Jelles kaam en it sinnige logo fan Theo van Egeraat waard ferfongen troch in nij. Wêr soe ik bedarje?