Dach Luca
It wie sa’n moai idee, doe’t ik mar net opknapte, om Luca mei Meia en Freerk, dy’t ik al hiel lang ken, as dieltiidhûn te hâlden. Yn de winters en as it kâld wie soe er by harren wêze en simmers by my om’t ik stekjes hie sadat er wol bûten wêze koe sûnder alle kearen de hort op te gean. In prachtich idee, mar it wurke net. Soe it op den doer dochs slagje kinne, of wie dat te folle mei minskegefoel tocht? Ik wist it net en mailde mei in jeugdfreon fan Johan dy’t Luca syn bistedokter west hie en no mei pinsjoen. Om’t er fûn dat er dat net fia mail of tillefoan sizze koe, kaam er by my thús.
We seagen inoar wat ûnwennich oan, dejingen dy’t ús bûnen wiene der net by en o, wat miste ik harren! Ik makke kofje klear en fertelde hoe’t Luca begjin novimber ferline jier sa’n 2 1/2 oere by it deade lichem fan Johan sitten hie oan’t der ien kaam te sjen.
De earste wiken nei it ferstjerren fan Johan lieten buorlju Luca út, mar se jûgen daliks oan dat dat tydlik wie. Dus moast der wat oars op betocht wurde. Yn ferbân mei de kombinaasje fibro, long Covid en wat rou mei in minske docht koe ik der net sels 3 x deis mei Luca op út wylst in koaikerhûntsje ferlet fan beweging hat. Uteinlik hie ik in ploechje minsken dat op min as mear geregelde basis Luca útliet. Luca koe se allegear en liet dat ek altyd entûsjast witte. Mar doe’t ik yn jannewaris siik waard hie ik de hannen fol oan mysels en koe ik ek de lêste soarch net mear oan him besteegje.
Ik belle mei Freerk dy’t nei in pear kear útlitten oanbean hie dat Luca dêr útfanhúzje koe as my dat better útkaam. Ik wist dat Luca by him en syn frou yn goede hannen wie. Se hellen him op mei al syn guod en we praten ôf dat er ien kear yn ’e wike in middei by my wêze soe, as sy op harren pake- en omasizzer pasten. Dêr is in kat en dat is net sa’n bêste kombinaasje. Sa sein en sa dien.
Luca hie it nei it sin, fernaam ik al gau. Yn it begjin wie er noch bliid om my te sjen mar al gau lei er it grutste part fan de middei foar it rút om te sjen oft syn nije baas en de frou al wer kamen. Fansels fûn er it aardich as ik ris in blokje mei him om rûn en en it stokje dat er nei dy tiid krige foel der ek altyd yn. Mar noch wat letter seach er as er yn ‘e keamer kaam net mear nei my om as nei in willekeurige stoel of tafel. Ik hie it gefoel dat er it befreone echtpear as syn baas en frou akseptearre hie. It moaie idee fan in dieltiidhûn like net mear fan tapassing. Nei’t ik it ferhaal dien hie oan Johan syn eardere freon frege er: ‘Sil ik it mar sizze? Direkt?’
‘Graach,’ sei ik want ik woe witte wêr’t ik oan ta wie, en Luca en syn gastgesin ek.
‘Eins hat er it sels al oanjûn.’
‘Troch alle kearen sa bliid te wêzen as er Freerk en Meia wer seach.’
‘Presys.’
De triennen rûnen my oer de wangen, ek al wist ik it wol.
‘Lytse treast, do hast goede minsken útsocht.’
Dat wist ik ek en noch mear doe’t se middeis daliks kamen om it der oer te hawwen en harren ‘nije húsgenoat’ mei nei hûs te nimmen. ‘As de bernsbern ris komme wolle om mei him te kuierjen, is dat poerbêst, hear. En dat jildt ek foar dy fansels.’
Ofrûne sneintemiddei hat Nova der al efkes west om mei him te kuierjen. Sy hat sa faak tegearre mei pake in blokje om rûn mei Luca! Gelokkich woe Luca Nova noch wol kenne.
Ik mis him freeslik, moarns daliks al as er fernaam dat ik wekker wie en ik him kommen hearde, alle kearen as ik thús kaam en hy altyd entûsjast by de doar stie te kwispeljen, jûns as er sa graach by my op skoat siet as ik tillevyzje seach.
Mar foar him bin ik bliid dat er no wer in goed plak hat dêr’t minsken binne dy’t wiis mei him binne en goed foar him soargje.
Dach leave, eigensinnige Luca.