Berneboekewike 2021 en mear!
It is wer berneboekewiketiid. Fansels hie ik graach op sjou gien by skoallen lâns om foar te lêzen en te fertellen. It leafst út It Ferbeane Boek om’t dat in echt boek is om yn in boekewike te lêzen. Of yn fakânsjes, of… No ja, wannear net? It is spannend, it is fantastysk, grappich en wolst trochlêze oant it út is. Mar nei skoallen ta gean sit der noch net yn, myn enerzjy sit yn trenen, kuierjen, fytsen (as it net te hurd waait) en skriuwen. Want ja, der komt wer in boek oan, mar net yn it Frysk. Dat stiet letter yn ‘e plenning.
Likegoed, wat soe ik graach wer ris op in skoalle sjen wolle, al wie it no en dan mar in oere! Leafst op in skoalle hjir yn de buert, sadat myn man gjin sjauffeur hoecht te boartsjen (al docht er dat mei leafde) om’t ik mysels rêde kin. Mar soks is treffen fansels.
En it treft! Nei de hjerstfakânsje bin ik útnoege om 2 kear 2 oeren les te jaan oan twa twadde klassen fan de AMS, in vmboTL klasse twa en in havoklasse twa, yn it ramt fan meartaligens. It is in projekt, Proeftún, mei as doel de learlingen oan it skriuwen te krijen, om harren op it paad fan de ferhaleskriuwer te wizen. Dat elk it kin, mar hoe dan? Wat binne de tûkelteammen, hoe krigest spanning, hoe learst dyn personaazjes kennen? En kin dat yn 2 kear 2 oeren? Nee, dat net, mar juf Idske Bangma jout tips yn de lessen dat ik der net bin. Nei fjouwer wike sil immen mei oare kreative gaven lessen jaan foar in presintaasje of … dat is in ferrassing, om it ferhaal oan oaren troch te jaan.
Doe’t ik jierren lyn, yn triennen, ôfskied naam fan myn lesjouwende taken op skoallemienskip Piter Jelles hie ik wier nea betinke kind dat ik nochris, 20 jier letter!, werom foar klassen yn it fuortset ûnderwiis stean soe. Om it oer myn eigen boeken te hawwen en oer ferhalen, oer skriuwen! Dêrom ha ik dizze berneboekewiken geduld om’t ik wit dat der wat moais yn it fet sit.
Likegoed heiten, memmen, pakes, beppes en masters en juffers, gean nei jim pleatslike boekhannel en keapje in boek foar de bern, foar de jeugd. Ha de bern gjin nocht om te lêzen? Lês foar, dat is foar elk in feest. In berneboekfeest!