Ik tink oan Bareld de Vries.
Us bysûndere direkteur fan de Hjerre Gjerritsskoalle yn Grou is wei. Hy siet altyd fol fiten en grappen. Ik begûn dêr yn itselde jier as Geartsje de Jong, hy neamde ús syn beide ‘Wolkjes’. Wat hat er ús faak foar it lapke holden, sa as de kear dat er ús wiismakke dat it gewoante wie dat de juffen in boerd makken om foaroan de optocht te rinnen nei de spultsjes en de merke. It brochje tusken de middei skeat der by yn, want it moast daliks ôf. By ús oefenrûntsje oer it plein wie it klear mei ‘Hoi Merke!’ De masters gûlden hast fan it laitsjen doe’t wy foaroan de stoet rûnen mei ús boerd.
Doe’t Johan en ik skarrelen, wy hiene ús lokalen nêst inoar mei in tuskendoar, drige er: As it útrekket, set ik de hiele dei in draaiorgel foar jim lokalen! En hy fitere my, doe’t ik net mear foar de klasse stie, oan ta skriuwen, en folge letter myn boeken. ek. Ferline jier ha ik him noch in boek brocht. En al wie er soms wat yn ‘e war, ien sechje fergeat er noait: Hoi
Wy sille him misse.