In protte fragen op 4 en 5 maaie

In protte fragen op 4 en 5 maaie

In protte fragen op 4 en 5 maaie


flagge

Justerjûn hiene wy de flagge healstok, hjoed waait er fleurich yn ‘e wyn. Betinke en fiere, dit jier folslein oars as al dy jierren dêrfoar.

Doe’t ús mem noch libbe, fernamen wy dat it foar har hieltyd swierder waard om werom te tinken oan 40-45. Op telefyzje kamen mei de jierren earder mear as minder films en dokumintêres oer de twadde wrâldoarloch. Se koe der min oer. It grutste part fan dy fiif jier wenne se yn Amsterdam. In tiid dêr’t se net in protte oer prate, mar se hie faak bang west. Alles wat se heard en sjoen hie waard yn har holle hieltyd slimmer en grutter. Foar har einige de oarloch yn Balk – pake wurke by de belestingen en dêrom ferhuzen se gauris – en kaam sy op it distribúsjekantoar te sitten.

Us heit wie myn skoalmaster dêr’t wy as learlingen mei nei it monumint yn Sint Nyk tagiene om blommen te lizzen. Dy’t neat losliet oer syn rol. Pas sûnt 12 april fan dit jier wit ik dat heit yn it ferset sitten hat, om’t er in mapke mei papieren út dy tiid bewarre hie. Fansels woe ik mear witte. Ik googele en seach dat der op dyselde 12de april in útstalling begûn yn it museum fan Aldemardum: oer it ferset yn Gaasterlân. Immen soe ferhalen út dy tiid fertelle. Ik naam kontakt op, oft se mear wisten oer ús heit en oer syn broer. Ik krige mails werom: ús heit hie fuort nei de oarloch ien en oar op papier setten en dat nei in argyf brocht om dêrnei ’terug te keren naar de burgermaatschappij’. Fan myn omke wie neat te finen. Myn âldste neef miende dat er ek yn it ferset siet, him in nacht ferstopje moast yn in sleat, dêrtroch in longûntstekking krige en ferstoar. Hy sil grif de ienige net west ha dy’t troch minne medyske soarch de ein fan de oarloch net helle. Oer dizze minsken heart men noait wat, wylst sy ek harren libben joegen.

Ik wol witte. De hiele simmer is de tentoanstelling noch yn Mar en Klif te sjen, wurde de ferhalen ferteld. Ynkoarten, as ik it grutste part fan myn tiid yn Gaasterlân trochbring om te skriuwen, sil ik der hinne. Al wit ik no al dat ik gjin antwurd krij op al myn fragen.

Hjoed wapperet de flagge. Foar my dit jier yn it bysûnder om ús heit en omke Mintsje te betankjen. Ek út namme fan bern en bernsbern