Yn de rimboe

Yn de rimboe

(2019) Dit is it ferfolch op  Gers op it dak. It is ek bedoeld foar begjinnende lêzers. (nivo E3)

Mem en Eef krije besite. Fan Anna en har soan Mats. Se  komme út Sweden. Eef moat mei Mats boartsje. Mar hy wol stomme dingen dwaan. Dan dochst er sels it alderstomste! Wat moat Eef no?

De fleurige yllústraasjes binne fan Linda de Haan.

 

Yn de rimboe is ien fan de dieltsjes fan de twadde Sweltsjerige, útjún troch Audiofrysk. De oare boeken binne skreaun troch Lida Dykstra, Jurjen van der Meer, Mindert Wynstra, Jelle Bangma, Jan Schotanus en Anny de Jong. Allegearre boeken om bern op ‘e smaak te krijen fan Frysk lêzen. Ferskillende tekeners makken der wer prachtige boekjes fan.