Utrikking Simke Kloostermanpriis 2016

Utrikking Simke Kloostermanpriis 2016

Utrikking Simke Kloostermanpriis 2016

DSC_0033

Freed 20 maaie wie it safier: de útrikking fan de Simke Kloostermanpriis 2016. Wylst de gasten nei de Petrustsjerke yn Twizel giene, hiene wy noch even tiid yn it hûs fan Simke om yn de kunde te kommen mei ûo boargemaster Gerben Gerbrandy en deputearre Sietske Poepjes. It hie in drokke wike west mei oandacht yn de Fryske kranten, op woansdei yn it FD en op de deis fan de útrikking yn de LC. Moai skreaune stikken dêr’t ik in protte reaksjes op krige. Sa as: ‘Hat Hanneke in koaikerhûntsje? Dat sei ús mem. Wy hawwe ek ien!’

Tsjin trijen setten wy ôf om efkes letter yn in moai folle tsjerke oan te kommen. Myn man en ik mochten plak nimme yn de hearebanken by de pommeranten. (oftewol de Bobo’s) De boargemaster ferwolkomme elk en iepene mei in stikje skiednis oer Simke Kloosterman. Dêrnei mochten Elske en Jitske foarlêze út ‘Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen’. De beide famkes kamen fan myn skoallen dêr’t ik dit jier as Skoalskriuwer bin. Se liezen prachtich en helder foar, gjin sprút benaud! Njonken harren, yn de hearebanken oan de oare kant, sieten klasgenoaten dy’t as echte sjoernalisten in ferslachje makken foar harren skoalkranten.

Tusken twa muzykoptredens yn fan Ella and Her Man, mei swingende sang en gitaar/trompet, wie de feitlike priisútrikking. As earste lies foarsitter Sigrid Kingma it sjueryferslach foar. Se fertelde dat it in hiele put wurk west hie om in winner út te kiezen. Uteinlik wûn myn boek, al wie de sjuery net sa wiis mei it uterlik derfan. Deputearre Sietske Poepjes mocht, nei har speech, de priis útrikke en dat barde bepaald spetterjend! Se lange my, behalve in prachtich bosk blommen, in grutte soartemint tonne oer, moai ynpakt yn pompebledsjepapier. Doe’t se it deksel der ôfhelle, wie it as ûntplofte de boel: in konfettykanon! Ut de tonne kaam in grutte, feestlike ballonneballon sweevjen dêr’t, doe’t de ballon heger en heger gie, in moai fersierde sjek oan hinge! Fantastysk! As útsmiter krige ik in boekje, spesjaal foar my makke troch Baukje Scheppink. In keunstwurkje!

De boargemaster woe Ella en Her Man wer sjonge litte, mar ik wie sa frij om mysels earst it wurd te jaan. Wy wiene sa bot yn ‘e stimming! Ik hie wakker op dit tankwurd omstind, mar harke dochs goed nei myn bern dy’t sein hiene: ‘Meitsje der mar gewoan in ADHD-speech fan, mem, dat past it bêste. By it boek en by mem.’ En sa wie it fansels. Doe’t ik útsprutsen wie, mocht de muzyk wer. Al hie de boargemaster noch in ferrassing: der waarden cupcakes omparte, sadat wy al harkjend lekker ite koene. De cupcakes wiene net allinnich lekker, se seagen der ek prachtich út, hielendal yn de styl fan it boek. De muzyk makke it feest kompleet.

Boargemaster Gerbrandy wie dy middeis in betûfte oan-inoar-prater; oan ‘e ein fertelde hy dat de resepsje in eintsje fierderop wie, yn it hûs en de tún fan Simke Kloosterman. Dêr waard it noch wakker gesellich mei hapkes, út De Fryske Petiele fan Simke, en drankjes en waard ik bedoarn mei blommen, boeken en noch folle mear. It wie in bysûndere en superspetterjende priisútrikking!

DSC_0007 DSC_0054DSC_0023 DSC_0025DSC_0042 DSC_0049DSC_0051 DSC_0060