Noch ien kear ‘De Bonsterkes’
Wy, Linda de Haan en ik, krigen in útnûging fan de Sint Lukasskoalle yn Drachten. Oft wy yn it ramt fan de Fryske wike(n) fertelle en foarlêze woene oer en út ‘De Bonsterkes op ‘e terp’. Dat woene wy wol! De Schrijverscentrale regele alles en ôfrûne tongersdei setten wy dy kant út.
Moarns betiid wie Linda al op skoalle om in lytse tentoanstelling fan har wurk del te lizzen en op te hingjen. As de bern ûnderweis wiene nei de grutte hal dêr’t wy sieten te fertellen, koene se fuort sjen wat se allegear makke hie: de tekeningen fan Gers op it dak en Ha, in ein (beide fan de Sweltsjerige foar begjinnende lêzers), har wurk fan Fratsen foar de Omrop en wat se foar De Bonsterkes makke.
Op it poadium stiene in noflike stoel en in sitblok klear en fansels de útfanhuzersdoazen mei it spoek dat yn it boek foarkomt, de draak en oare omballingen (attributen). Wy ûntfongen trije groepen, de middenbou, de ûnder- en de boppebou, meiïnoar 375 bern! Dat griisde ús fan tefoaren al wat oan, mar de bern wiene múskestil as wy fertelden en foarliezen út De Bonsterkes. Foar de boppebou fûnen wy dat wat te maklik en ha ik ferteld oer Wês net bang en de reis dy’t Lilan makke nei Nederlân. Dêr wiene de bern o sa fan ûnder de yndruk.
Ut alle groepen krigen wy fragen. Hoe’t dat no siet mei de fantasy, wannear oft de ynspiraasje kaam en wat as dy op him wachtsje liet, oft Linda en ik oerlis hiene en oft we inoar al kenden, hoe âld ik wie (stokâld!) en hoelang as skriuwers trochskriuwe koene. Ik fertelde dat ik noch lang de âldste skriuwer net bin, dat Dolf Verroen al 90 is en alle jierren ien of mear boeken útbringt! Oooohhh!
It wie in prachtige moarn en dat fûnen Linda en ik net allinnich, nei dy tiid stapten guon juffen efkes út de klasse om te fertellen hoe’t se genoaten hiene. Middeis krigen wy in mailtsje fan de organisaasjejuf dat se allegearre o sa te sprekken wiene en dat de bern graach witte woene hoe’t it fierder gie mei De Bonsterkes. Foar de boppebou wurde Heksegrytta en Wês net bang oantúgd.
Foar my wie dit foarlopich de lêste kear dat ik de hort op gie. Woansdei sil ik de twadde nije heup krije en dan moat ik wer revalidearje en oan de kondysje wurkje. Om it mysels sa oangenaam mooglik te meitsjen – de tip fan de fysio is dat nije ûnderdielen net allinnich trening mar ek rêst nedich ha – sparre ik de lêste moannen boeken op. Der leit in knap steapeltsje op my te wachtsjen, dat it kin om my wol oangean.