Gers op it dak
(2017) Dit boek foar begjinnende lêzers (nivo E3) giet oer Eef dy’t by pleechmem Bauk wennet. Bauk naait klean en keunstige kleden en begjint mei berne-opfang. It earste bern dat komt is Joep, in hiel keurich jonkje, dat in bytsje wenne moat oan de bysûndere húshâlding. Bauk en Eef wenje yn in eardere skoalle, mei in skean dak en gers derop. En op dat dak hâlde twa skiep it gers koart. Fansels wol Joep nei de skiep, mar mei dat wol?
De fleurige yllústraasjes binne fan Linda de Haan.
Gers op it dak is ien fan de dieltsjes fan de nagelnije Sweltsjerige, útjún troch Audiofrysk, dy’t foar it earst papieren boeken útjout. De oare boeken binne skreaun troch Lida Dykstra, Jurjen van der Meer, Mindert Wynstra, Jan Schotanus en Anny de Jong. Allegearre boeken om bern op ‘e smaak te krijen fan Frysk lêzen. Mei ferskillende tekeners dy’t der prachtige boekjes fan makken, moat dat wol slagje.
Aldste beppesizzer koe yn groep 3 foar it earst in boek fan beppe lêze, oer Gers op it dak. Doe’t er yn de simmerfakânsje mei heit, mama en suske op fakânsje yn Denemarken wie, rôp er: ‘Heit, kijk, gers op it dak!’