Fakânsje

Fakânsje

SONY DSC

Fakânsje

Us heit wie, lykas myn man, skoalmaster, en sels wurke ik ek yn it ûnderwiis. Jierren foar de klasse, letter op in kantoar. Dat betsjut dat ik myn hiele libben skoalfakânsjes hie. Dy wiene lang, dat wit elk, mar ek drok en djoer. Ast yn simmerhúskes bivakearrest, fljocht dy it jild ta de bûse út, sa simmers. Benammen mei de winsken dy’t wy hiene: poerbêste bêden en goede stuollen. Oars kamen wy yn stikken wer thús en dat koe de bedoeling net wêze. Boppedat wie it altyd oeral drokte.

Dit jier is alles oars. Yn de ôfrûne simmermoannen siet ik foar in grut part yn myn sjaletsje oan in boek te wurkjen. Op de camping wie it gesellich, mar op ús fjildsje en seker it hoekje dêr’t ik sit, is it altyd rêstich. Hiel geskikt om te skriuwen. Doe’t de skoallen wer begûnen, makke ik my klear foar fakânsje. Mei skoansus, man past op hûs, hurd en hûn, op nei Frankryk. Op ‘e diken wie it noch net echt stil mar in ein nofliker as foarige jierren. De minsken dy’t nei Frankryk rieden, wiene hast allegearre grize dowen. Wy pasje der prima tusken.

No sitte wy yn in húske midden yn de Morvan. It is hjir stil, op in inkele ko, hoanne of keffende Fifi fan de buorlu nei. It húske hat alles om it ús oangenaam te meitsjen op ien ding nei: in houtkachel. Wy roeken him sagau’t wy der yn kamen en minder noch, dy geur gie net fuort. Stadichoan waard ik benauder en no ha ik in stim as in bas-bariton en blaf ik lûder as Fifi. De kachel is yntusken útsogen, de keamer ek, en de plumeau hat syn wurk dien. No mar hoopje dat ik aanst myn eigen stim werom krij en net sa gammel mear bin. Der is hjir in protte te sjen en moaie paden te berinnen. Mochten wy de boeken fergetten wêze, dan stiet hjir noch in kastfol.

Fakânsje, foar it earst yn septimber. Sommige dingen wenne flotter as oaren. Dit is der ien fan!

SONY DSC