De Skoalskriuwer: it twadde jier
It is hast safier: in nij seizoen fan De Schoolschrijver begjint wer. Yn Amsterdam foar de seisde kear, yn Fryslân en Grinslân is it it twadde seizoen. Brabân is de nije provinsje. Yn Fryslân binne it net mear fiif mar tsien skoallen. Der binne twa nije skriuwers by, Kate Schlingemann en Derk Visser, mei om’t Arend van Dam ferhuze is nei Breda. De ‘âlde’ skriuwers ha yn Fryslân aanst twa skoallen. Yn desimber moetsje alle skoalskriuwers inoar yn Amersfoart. Ik ha der no al sin oan!
Ferline jier reizge ik alle wiken út Frjentsjer wei nei Twizelerheide. De skoallen fan takomme jier binne tichterby, yn Minnertsgea en Deinum. Oare wike sil ik nei Minnertsgea om yn ‘e kunde te kommen mei de (masters) en juffen. De wike dêrnei is Deinum oan ‘e beurt. Ik bin ôfgryslik benijd hoe’t it my ôfgean sil om twa skoallen te hawwen. It freget in goede tarieding, de boel net trochinoar helje, koartsein in poerbêste organisaasje. Wylst ik dit skriuw waait it bûten in stoarm en yn ‘e holle dus ek. Neam it in útdaging. Mar ik wit dat ik, sagau’t ik foar de klasse stean, gjin twifels mear ha. Dan telle de bern, de ferhalen en de boeken!
De lêste wiken bin ik oan it lêzen foar de boekekisten. Elke klasse kriget in kiste mei 25 boeken deryn dy’t ik útsocht ha: spannende, grappige, fantastyske, Nederlânske en Fryske boeken. In oantal titels dy’t ik ferline jier brûkte, komt der wer yn om ferskillende redenen. Moai skreaun, in ferhaal achter it ferhaal of om’t de bern yn Twizelerheide der gek op wiene. Oare boeken wol ik ferfange, omdat der noch moaiere binne of om’t ik dit jier wat oars wol. Ferline jier wurke ik út in tema wei: ûntdekkingsreizen. We ha wat ûntdutsen doe! Dit jier doch ik it oars, mar dat giet yn oerlis mei de skoallen en dus falt der noch net in protte oer te sizzen. It pittichste sil wêze dat ik der in groep 3/4 by ha. Groep 3 kin krekt wat lêze en groep 4 is in hiel ein fierder.
No wurket it gelokkich by De Skoalskriuwer sa, dat wy leare fan inoar. Alle skoalskriuwers kinne gebrûk meitsje fan in ynternetfoarum. Dêr kinne wy de dingen opsette dêr’t wy mei sitte. Sa is der al in skriuwer dy’t oanbean hat my mei groep 3/4 te helpen om’t hy dêr ûnderfining mei hat. Ferline jier hie ik in buddy, Lydia Rood, en dit jier kin ik wer mei myn fragen by har te plak. Fan De Skoalskriuwer leare net allinnich de bern en de masters en juffen mar de skriuwers ek. Se leare oer oare boeken as allinnich dy fan harsels, oer (foar)lêzen en taal, én it hat grif ynfloed op har eigen skriuwen. By my wurket dat teminsten wol sa. Mar dat komt in oare kear oan ‘e oarder.