De lêste moanne mei in fêste baan

Wike 2

De lêste moanne mei in fêste baan

20150309_201503

Wike 2

Der kaam in knip yn myn ‘wurksume libben’ . Dy jierren stiene yn it teken fan bern krijen en opfieden. Om’t ik net hiele dagen yn pjuttetaal prate woe en koe, begûn ik oan de stúdzje Frysk. Earst treddegraads en om’t dat sa noflik gie, fuort twaddegraads der achteroan. Dêrnei hie ik skjin myn nocht fan de téory en woe ik dingen dwaan. Ik die mei oan de Frjentsjerter nijjiersrevu, begûn Sinteklazemearkes te skriuwen en te regisearjen en joech Afûkkursussen Frysk oan folwoeksenen. Dêrby hiene wy yntusken trije lytse bern dêr’t ik hiel wat kearen mei nei dokters en it sikehûs moast. Twa buiskebern en ien hiel drok jonkje. Nee, ik ferfeelde my net!

Doe’t de jongste nei de basisskoalle gie, krige ik mear frijheid en dat begûn te jokjen. Ik woe wer oan it wurk, sels as dat betsjutte dat ik ynfalle moast. Dêr seach ik tsjinoan as hingjen, mar in kantoarbaan wie slimmer. Dat ik melde my oan yn de gemeente Ljouwert, dêr wiene skoallen genôch!

It waarden dagen dat moarns tsjin healwei njoggenen de telefoan gean koe, dat ik fuort yn de auto stapte, alle kearen nei in oare skoalle. It wie dreech, want soms kaam ik yn in klasse dêr’t ik de seisde ynfaller wie. Dan sieten bern echt net op my te wachtsjen. Gelokkich waard myn oanhâlden beleanne, want op in dei gie de telefoan mei it fersyk my te melden om te praten oer in baan. In echte, fêste baan!

En yn dyselde tiid kaam myn earste berneboek(je) út. Wat in debút: De kraan seit drip!