Sterke skouders
(2004) Willem wol witte wat der gebeurd is doe’t er in lyts jonkje wie. Hy wennet by syn omke en tante oan de wâl; syn âlden wenje op in eilân. Hy wol syn heit net sjen en net mei syn mem prate. As syn suske ek nei it fuortset ûnderwiis giet en by harren omke en tante komt te wenjen, begjint er hieltyd faker werom te tinken oan syn bernetiid. Hy kriget aaklike dreamen. Wat wie der te rêden mei syn heit? Wêrom is Willem sa lilk op him? Stikje by bytsje, mei help fan in freon en in freondinne, komt Willem achter de wierheid.
It IBBY, the International Board of Books for Young children, beleanne Sterke skouders yn 2006 mei in plak op de ‘list of honour’. Dit boek ha ik om en om yn it Frysk en it Nederlânsk skreaun. De earste ferzy wie yn it Frysk, mar doe wie ik net tefreden. Ik ha it oersetten en der mei de (Nederlânske) redacteur oer praten. Dêrnei ha ik der krekt salang mei ompield oant it my nei it sin wie. Op it begjin en it ein nei. Mar doe’t ik dy ferzy wer oersette nei it Frysk, wist ik daliks hoe’t ik begjinne en einigje moast.
Yn 2014 ferskynde de twadde printinge.