It ear fan Sven
(2006) Sven hat in bysûnder ear. Op syn ear sit in puntsje dat er útlûke kin en dan wurdt it in antenne. Dan kin er hiel goed hearre. Letter fernimt er dat syn ear noch wat kin sadat er oant yn de romte hearre kin! Hy seit it tsjin gjin ien, allinnich tsjin syn pake. Dan blykt dat hy ek in bysûndere pake hat. Mei krekt sa’near. Boppedat hat pake fan in âld silo in raket boud. Mei har trijen: Sven, pake en de hûn Bijke begjint de reis mei in plak dêr’t noch noait ien fan werom kaam is…
It idee hie ik al hiel lang yn ’e holle en de earste bledside ek al op papier. Mar hoe’t it fierder moast mei dat ear en hoe’t ik Sven de romte yn krige, dat wist ik net. Soms moatst gewoan hiel lang wachtsje oant it ynienen troch dy hinne flitst: ja fansels, sa moat it. En dan skriuwt it boek himsels.
‘It ear fan Sven’ is net mear te krijen, mar wol fia myn winkeltsje.