De lêste brief
(1999) Berber begrypt neat fan har mem. Se skriuwt nuvere briefkes dy’t se oeral yn it hûs slingerje lit. It is har net dúdlik oft de ferhaaltsjes wier gebeurd binne. Dêrom smyt Berber de earste briefkes fuort, se wol neat te meitsjen ha mei wat har mem skriuwt. Se wol mei har freondinne Marjella klean keapje en feest fiere. Se wol Erik as har freon en mei him en in tal klasgenoaten nei Spanje op fakânsje. Toch litte mem har ferhaaltsjes har net los. Stadichoan wurdt it dúdlik dat mem har op dy wize wat belangryks te fertellen hat.
Dit wie myn earste jeugdroman. Omdat ik fûn dat it boek in grutter lêzerspublyk fertsjinne, ha ik it oersetten nei it Nederlânsk. Wat der allegear mei it boek barde, hie ik noait betinke kind. De Fryske jeugdboekesjuery beleanne it boek mei in Sulveren Spjelde. Yn it Nederlânsk krige De laatste brief in ‘eervolle vermelding’ fan de Zoenjury. Yn 2003 hat Jeugdtheaterskoalle ’n Meeuw út Ljouwert der in multimediastik fan makke mei theater, life muzyk en filmkes. It is 16 keard opfierd yn de theaters yn Fryslân. Oeral wiene folle sealen. Omrop Fyslân makke nei oanlieding dêrfan fjouwer ôfleveringen oer Fryske jeugdliteratuer mei in protte omtinken foar De lêste brief en it stik. De Volkskrant en de Standaard (België) skreaune prachtige resinsjes. Foar my wie it in dream fan in jeugdromandebút.
It boek is net mear te krijen, mar wol fia myn winkeltsje.