Nij boek yn oanbou (1)
Ik hie my foarnaam om gjin stikjes mear te skriuwen en wat doch ik? In stikje skriuwe. Yn gedachten hear ik Johan sizzen: dêr wurd ik dochs sa wurch fan! Ja, ik ek, deawurch fan myn eigen wispeltuerich brein.
Ik hie my ek foarnaam om in Frysk boek te skriuwen en wat wurdt it? Twatalich.
Ik wie ta oan in fleurich berneboek en wat is myn plan? Hm, ja, dat lit him net sa maklik útlizze. By my begjint in boek mei in idee en as dat my yn fjoer en flam set en ik der nei in pear moanne noch oan tink en it net fuort te krijen is, dan moat it mar heve. Meastal komme der mear ideeën dy’t mei dat earste idee te krijen ha, dy’t ik úteinlik mei-inoar yn in pot goai en dan fan in protte losse stikjes in ferhaal bak. Wat it dizze kear oars makket binne ferskillende saken:
- Ik woe in boek(je) skriuwe foar myn bernsbern. Earst tocht ik oan in oplage fan 20 en miskien doch ik dat wol. Mar miskien sizze jimme dat oaren dat grif ek lêze wolle. Dan feroaret de saak.
- Tagelyk soe ik help fan in redakteur brûke kinne.
- Foaral no, no’t ik nei in lange tiid siik wêzen, en nóch!, it dochs wer besykje wol en dan daliks mar in boek(je) dat wol ‘im Grossen Ganzen’ yn ’e holle sit mar dan fierste yngewikkeld. Meitsje dat mar wer ris simpel!
- Mar foaral omdat dit it earste boek(je) is dat ik sûnder de stipe en it fertrouwen fan Johan skriuwe moat. Moat? Ja, moat, om’t ik it belangryk fyn. Dat hat te krijen mei de lêste boeken dy’t ik skreau: Sis my wa’t ik bin en Wat het hele dorp wist.
- Dêrom hoopje ik op stipe fan jim, dat jim meilêze, meitinke, my no en dan in setsje jouwe dat it wol goedkomt of my delbêdzje as ik al te wylde plannen ha, plus alle oare hûndert en noch wat twifels dy’t ik ha. Ik fiel my wer in begjinneling en eins bin ik dat ek. Want myn long covid harsens wurkje sa compleet oars! Ik sil mysels wer útfine moatte.
Wêr’t it oer giet? Dat komt in oare kear, no moat ik earst wer bykomme fan dit eintsje typen. Skriuwe mei long covid, ik bin benijd!
Mochten jim tinke dat it in rommelich stikje is: dat kloppet. Der sille grif flaters yn sitte en dat omslach is ek mar út de losse pols, dat kloppet ek. Dit is in wurkdokumint. Miskien hâld ik der nei in skoftke ek wol mei op, mar it is proef. Jim meie mei my meisjen oer it skouder, mei de briljante ynfallen en de stomme flaters, of as ik miskien bern mei badwetter fuortgoai omdat ik in ‘darling kille’ wol. Jim hoege net kommintaar te jaan, leau my, dat doch ik sels al! Mar it mei.