Knoffeljend it nije jier yn

Knoffeljend it nije jier yn

Knoffeljend it nije jier yn

De reaksje op de longûntstekking wie net mis: de ôfgryslike wurgens dy’t makke dat ik mei gemak 4 x deis sliepte, en nachts ek, fertelde al in soad. Mar net alles, ûntduts ik it ôfrûne wykein. Om in oere as trije nachts moast ik nei it húske. De rollator liet ik yn ’e keamer stean, oars soe it te krap wurde. Ik stapte it húske yn en foardat ik der erch yn hie lei ik der oerhinne. Hè? Watte? Wat wie my no oerkaam?

De iene skonk hie ik ûnder my, de oare ergens oars mar it slagge my net om beide fuotten ûnder it gat te krijen. Ik seach mysels fan boppe-ôf, oer it húske lizzend, en doe’t ik net foar- of achterút koe liet ik my foarsichtich op ’e grûn sakje. Ien fan de dreechste dingen sûnt ik nije knibbels ha is om oerein te kommen. Op de knibbels kinst net steune, dat fielt as leist yn de skearmeskes. Dus gie ik op ‘e rêch lizzen om sa nei de keamer te tigerjen. Op ’e rêch tigerje, dan ha ik noch in ridlike kondysje. Yn lytse stikjes, want soks nimt nochal. Uteinlik bedarre ik yn ’e keamer en koe ik krekt de alarmknop yndrukke. Mei in stok dy’t bedoeld is foar it hege útsetrút koe ik krekt by it ljochtknopke boppe de computer rikke en dat jûch knap wat ljocht. Nei geduldich wachtsjen, wylst ik ûngeduldich in tal kearen besocht om dochs sels oerein te kommen, kaam de suster. Se hie in nekhernia, koe dus net tille, mar se hie my dochs net oerein krigen, dat wist ik ek wol. Se hie in stuoltsje by har, in helpmiddele-stuoltsje om minsken wer oerein te krijen. En al fertelde se noch sa faak dat se dat al 2 x earder dien hie, it risseltaat wie dat ik allinnich mar op ‘e rêch lizze koe, fêstbûn oan it stuoltsje, en fierder barde der neat. Dat wol sizze dat sy wakker dwaande wie mar it risseltaat noch altyd niks, neat, nada.

Der kaam in momint dat ik myn geduld begûn te ferliezen, in oere op ’e flier lizze is net myn kar foar nachtlik fermaak. Ik sei: ‘Ik wol myn skoansoan wol belje.’ ‘Maar die schrikt zich dood.’ ‘Hy kin my wol helpe.’ Uteinlik moast se belies jaan, nei’t ik frege hie: ‘Wat is it alternatyf?’ ‘De ambulance,’  sei se. Fan ‘e moarn hearde ik dat de brânwacht of de plysje ek in opsje wiene. Pfffff. Dan hie ik no wol in geweldich stikje skriuwe kind.

Ik belle Stefan, mar dy tillefoan wie net opladen dus dy foel daliks út. Hy belle my werom mei in oare tillefoan wêrop’t ik hiel fleurich frege oft er my wol fan de flier helje woe. Stefan bleau kalm, sa’t ik wol ferwachte hie, mar Margryt skrok har lam. Binnen it kertier wie er arrivearre, hise my omheech, de suster sette wer ôf mei it defekte stuoltsje, Stefan sette in bakje tee foar my en koe ek wer op hûs oan. Ik gie it hiele senario nochris del, hoe koe ik sa falle? Eins wist ik it wol, nei dy longûntstekking wiene de skonkjes sa slop wurden dat ik samar troch in knibbel sakke. De dagen dêrnei bleau dat sa, en nóch. Ik sko no hiel ûnwis achter de rollator, wer 10 jier âlder.

Juster krige ik de alarmknop, dy’t no mei in triedsje om ’e nekke sit. Altyd by de hân.