It ferbeane boek, útferkocht!
It moaiste momint fan in boek is as it útkomt. As’t de doaze iependochst mei in tal nije eksimplaren, mei dyn ferhaal deryn en, yn dit gefal, de fantastyske tekeningen fan Mo Beijer, dan bist hartstikke grutsk. De tekeningen meitsje krekt dúdlik wêr’t it ferhaal oer giet. Oer Fedde fan 8 dy’t noch net lêze kin. Kin er it net of wol er it net?

En dochs is er hiel nijsgjirrich nei in âld boek mei sulveren slotten dat by syn buorman yn de kast stiet. It is as winkt it boek him ta: Lês my, lês my! Mar as er no net lêze kin? Want dit boek wol er wol lêze!
As er yn it boek belânet bedarret er yn in grut lêsaventoer. Wat noch aparter is: de hûn en en de kat, Smycht en Skarlún, helpe him mei it útfieren fan kreative opdrachten.
Foar my is it bysûndere dat ik dit skreaun ha yn de jierren dat ik nije heupen en knibbels krige. It liede ôf fan de pine, it revalidearjen en it wer klear wêzen foar de folgjende operaasje. It jûch ferdivedaasje om dwaande te wêzen mei in boek fol fantasy.
No is it útferkocht, of der moat tafallich noch in eksimplaar yn in winkel wêze. Sels ha ik noch in pear foar de echte leafhawwers.
In twadde printinge sit der net yn, de útjouwer kriget subsydzje foar it útjaan fan de earste printinge en fierder net. Spitich? Ja, fansels! Mar it moediget ek oan om wer sa’n fantastysk boek te skriuwen; der is grif ferlet fan!


